For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Skuzum.

Skuzum

Skuzum
Doarpswei
Doarpswei
Emblemen
               
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 205 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 0,51 km²
Befolkingsticht. 206 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 2' NB, 5° 25' EL
Himrik fan Skuzum
Himrik fan Skuzum
Kaart
Skuzum (Fryslân)
Skuzum

Skuzum is in doarpke besuden Makkum yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Skuzum hat 205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp waard yn 1270 Ytsingahusum neamd en in iuw letter ferbastere yn Idsingahusen. Eartiids wie Skuzum allinnich oer de seedyk te berikken. Doe't de Makkumer Mar yn 1876-1878 drûchlein waard, wie it mooglik om oer de Brekkenwei nei Allingawier te gean.

Boppesteech.

It Skústerfjild is in smel stik grûn efter de seedyk fan Gaast oant Koarnwert, dy't troch it Fly dellein is. It Fly foarme ek de heger lizzende ouwerwâlen, de lettere hege savelgrûnen. Oan ien fan de kriken is oan it begjin fan 'e jiertelling de Skústerterp oanlein. Dat die bliken út de fynst fan twa amuletten, wêrfan ien tichtby de seedyk by Piaam fûn is (twadde iuw nei Kr.) en de oare by Skuzum (út deselde tiid). Op dy lêste steane de wurden Terra-Sigillata.

De frij wolfarrende terpbewenners hienen lân oant Altena's pleats op de kromming fan de Grutte Sylroede by Makkum. Ek de lettere mûnen oan 'e Lytse Sylroede stienen op it grûngebiet fan Skuzum.

By de gefjochten tusken Skieringers en Fetkeapers diene ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omkriten fan Makkum, dat ek Skuzum, hawwe lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrêft en hynders leverje foar wachtrinnen op 'e seediken. Om 1580 waarden de Spanjerts ferjage en briek in rêstiger tiid oan.

It wetter bliuwt de grutste fijân en elk doarp fan Wûnseradiel krijt in fak fan de dyk tawiisd om te ûnderhâlden. De doarpsrjochters hawwe it tafersjoch. By de dykferhegingen fan 1530 en 1570 binne de dykfearten (ek: seadfearten) groeven. Yn it gebiet tusken Makkum en de Skústertille, leit in stik leechlân tusken de dyksfeart en de hegere lânbougrûnen, wat wiist op it weiheljen fan grûn foar dykferhegingen. De roerige Frânske tiid fan striid tusen patriotten en prinsgesinden liket oan Skuzum foarby te gean, krektas de striid oer tsjerklike en skoallekwestjes.

Skúster tsjerke

De Skúster tsjerke waard yn 1874 boud en ferfong in âldere tsjerke dy't brekfallich waard. Yn it houten geveltuorke hinget in klok dy't yn 1696 getten waard. It oargel fan 'e tsjerke waard yn 1908 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. Súdeastlik fan de tsjerke stiet de eardere pastorij. Sûnt 1971 binne der gjin tsjinsten mear yn'e tsjerke. Sûnt draacht de Stifting Skúster Tsjerke soarch foar it ûnderhâld fan 'e tsjerke.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 2011 lei Skuzum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Sûnt de weryndieling yn dat jier heart it doarp by de gemeente Súdwest-Fryslân.

Doarpshûs De Treffer.

"Jimmeroan" is de namme fan 'e feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit "De Treffer". Juny is de moanne foar it doarpsfeest en yn septimber organisearret it doarp mei Piaam alle jierren in barbecue. De bynamme fan 'e ynwenners is "beantsjefretters". De nôtier yn it doarpswapen ferwiist nei de lânbou.

Boppesteech 3.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2011
Ynwenners 77 179 163 145 120 91 109

Berne yn Skuzum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee Skuzum
  • A.Algra - De doarpen
  • P.S.de Boer - De doleantie te Makkum
  • Yr. J.Cnossen - De bodem van Wonseradeel
  • Mr H.T.Obreen - Makkum en de westkust van Friesland
  • H.Oldenhof - De Skiednis van de griteny
  • G.J.Paul - Schepping en Koninkrijk,ín stúdzje oer de teology fan dr. Oepke Noordmans
  • R.S.Roarda - Ir Sint-Anna Lien to Hidaerd
  • Drs R.Steensma - Geastlik libben yn Wunseradiel

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorren • Bessens • BernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum) • Ingwert • IngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzen • Makkum (Boazum) • MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe Pôle • Rea Skuorre • RemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Skuzum
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?