For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Samoeraifilm.

Samoeraifilm

As samoerai ferklaaide akteurs.

De samoerafilm (Japansk: チャンバラ, chanbara of chambara, "swurdfjochtersfilm") is in fan oarsprong Japansk sjenre fan films, dat giet oer samoerai (de tradisjonele Japanske krigerskaste), en dat stylistysk de midden hâldt tusken Westerske mantel-en-degenfilms en westernfilms. Yn 'e Japanske sinema wurde samoeraifilms beskôge as in subsjenre fan 'e jidaigeki, wat rûchwei itselde is as it Westerske kostúmdrama. Jidaigeki binne dus films dy't yn in histoaryske perioade pleatst binne; samoeraifilms binne films dy't yn in histoaryske perioade pleatst binne en samoerai as ûnderwerp hawwe.

Histoarysk spylje samoeraifilms yn it tiidrek fan it Tokugawa-sjogûnaat (1600-1868). Wylst iere samoeraifilms mear dramafilms wiene, skode it sjenre nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch op yn 'e rjochting fan wat mear op aksjefilms of aventoerefilms liek. Tagelyk dûnkeren de ferhaallinen ta en waarden de personaazjes gewelddiediger. Mooglik ûnder ynfloed fan 'e útwurkings fan 'e Twadde Wrâldoarloch op 'e Japanske maatskippij, wiene de haadpersoanen yn nei-oarlochske samoeraifilms gauris geastlik of lichaamlik skeinde lju.

Ien fan 'e wichtichste regisseurs fan samoeraifilms, dy't in grutte ynfloed op 'e fierdere ûntwikkeling fan in sjenre hie, wie Akira Kurosawa. Dy soarge der mids tweintichste iuw ek suver eigenhandich foar dat dit soarte films bûten Japan bekendheid krige, mei films dy't no as wiere klassikers beskôge wurde, lykas Shichinin no Samurai (1954; better bekend as "Sân Samoerai") en Yojimbo (1961). Kurosawa stilearre en oerdreau yn syn films dea en geweld, mei solitêre figueren as haadpersoanen, dy't earder harren kriichskeunsten ferburgen as dat se dermei te pronk rûnen. It wurk fan Kurosawa hie ek in grutte ynfloed op it yn dyselde tiid opkommende sjenre fan 'e spagettywestern.

In weromkearend tema yn 'e samoeraifilm is de ein fan in manear fan libjen foar de samoerai. Sa geane in protte fan 'e films oer rōnin (masterleaze samoerai) of oer samoerai dy't oan status ferlieze yn in feroarjende maatskippij. In Westerske samoeraifilm as The Last Samurai (2003) is dêr in ûnsubtyl foarbyld fan; dy film behannelet in opstân yn 1877, nei de Meiji-restauraasje, fan 'e lêste samoerai tsjin it mei gewearen en artillery bewapene leger fan 'e keizer. Oant yn 'e iere jierren '70 waarden samoeraifilms yn Japan oan 'e rinnende bân makke, mar doe kaam der stadichoan hast hielendal in ein oan, trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke en de grutte filmstjerren op jierren kamen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Samoeraifilm
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?