For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Lânmacht.

Lânmacht

Dizze side giet oer it begryp 'lânmacht' yn it algemien. Foar de Nederlânske lânmacht, sjoch: Keninklike Lânmacht.
Lânmachten wrâldwiid:
     gjin lânmacht
     lânmacht bestiet út frijwilligers/beropsmilitêren
     tsjinstplicht wurdt mei koarten ôfskaft
     tsjinstplicht
     gjin gegevens

In lânmacht is dat diel fan 'e kriichsmacht fan in steat, dat him taleit op it fjochtsjen op lân. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt foar dit kriichsmachtûnderdiel ornaris de oantsjutting leger brûkt, hoewol't dat begryp ek in bredere betsjutting hat dat de hiele kriichsmacht omfiemet. In oar, argaysk, wurd foar 'lânmacht' is armee, fan it Frânske armée, dat wer fan it Latynske wurd arma ("wapen") ôflaat is.

De lânmacht is it âldste en meast foarkommende diel fan 'e kriichsmacht, mei't lang net alle lannen in kustline en dus in marine hawwe, wylst de loftmacht in frij resinte útfining is. Fan âlds bestie de lânmacht út trije saneamde wapens: de ynfantery (it fuotfolk), de kavalery (it hynstefolk) en, fan 'e fjirtjinde iuw ôf, de artillery (de kanonnen). Letter kamen dêr spesjalisearre troepen by, lykas de sjeny en de kommando's. It is ek mooglik dat in lânmacht oare kriichsmachtûnderdielen ynkorporearret, lykas in eigen loftmachtkorps.

Der binne trije haaddoelen dêr't in lânmacht foar ynset wurde kin. Yn it foarste plak giet it dêrby om ferdigening, itsij ferdigening fan it eigen grûngebiet, itsij ferdigening fan in befreone steat. Twad is in lânmacht bedoeld om mei oan te fallen en in diel fan in oare steat of in oare steat yn syn gehiel mei te feroverjen. Soks wurdt tsjintwurdich beskôge as ûnetysk en frijwol net mear dien. (De lêste kear dat dit foarkaam wie yn 2013, doe't Ruslân de Krim op 'e Oekraïne ferovere en ûnrjochtlik besette.) En tred en lêst wurdt de lânmacht ek ynset om 'e oerheid te ûnderstypjen yn net direkt konfliktrelatearre saken, lykas bewekking fan kwetsbere fasiliteiten en helpferliening nei in natoerramp.

De Folkeslach by Leipzig, yn 1813, wêryn't de lânmachten fan in grut tal lannen de striid oangiene.

In steand leger ferwiist nei in lânmacht dy't bestiet út foltiidssoldaten, yn tsjinstelling ta de reservestriidkrêften, dy't inkeld oproppen wurde foar oefenings of yn tiid fan oarloch. In oare tsjinstelling bestiet tusken it geregelde of reguliere leger en ûngeregelde troepen of milysjes, dy't gearstald binne foar in beskaat doel, faak bûten de autoriteiten fan 'e steat om (sij it soms wol mei goedkarring fan dyselde autoriteiten). In ekspedysjeleger ferwiist nei in diel fan 'e lânmacht dat yn in oerseesk gebiet of lân ynset wurdt.

De Nederlânske lânmacht is de Keninklike Lânmacht. De grutste lânmacht fan 'e wrâld is it leger fan 'e Folksrepublyk Sina, dat it Folksbefrijingsleger hjit en bestiet út 2.250.000 aktive manskippen en 800.000 man reservepersoneel. De op ien nei grutste lânmacht is it Yndiaaske Leger, mei 1.129.000 aktive manskippen en 2.142.000 man reservepersoneel. Nettsjinsteande it feit dat it lytser is, mei 'mar' 475.000 aktive manskippen en 540.000 man reservepersoneel, wurdt it Amerikaanske Leger rûnom beskôge as de sterkste (want bêst treende en tariste) lânmacht fan 'e wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Lânmacht
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?