For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Nico Dros.

Nico Dros

Nico Dros
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nico Willem Dros
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 maart 1956
berteplak Harkebuert (Teksel)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk, Tekselsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
hist. romans, poëzij, essay's,
non-fiksje
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
www.nicodros.nl

Nico Dros (folút Nico Willem Dros; Harkebuert (Teksel), 7 maart 1956) is in Nederlânsk skriuwer fan koarte ferhalen, romans en essay's. Teffens hat er ferskate skiedkundige wurken publisearre oer útinoar rinnende ûnderwerpen as de leansûntjouwing yn Nederlânsk-Ynje en it kristlik fûnemintalisme yn Nederlân, en is er aktyf as dichter yn syn memmetaal, it dialekt fan it Noardhollânske Waadeilân Teksel.

Nei in stúdzje skiednis oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam wie Dros ferskate jierren wurksum op it mêd fan histoarysk ûndersyk foar û.m. it Keninklik Ynstitút foar de Tropen en de Frije Universiteit. Hy joech dat wurk deroan om him ta te lizzen op it skriuwen fan fiksje. Yn 2002 rjochte er, tegearre mei de dichter en essayist Arie van den Berg, de Skriuwersfakskoalle Amsterdam op. Sûnt is er ien fan 'e dosinten oan dy oplieding.

Dros wûn yn 2007 de Gouden Doerian foar syn roman Dromen van de bok, nei ’t it boek yn 2006 earst nominearre wie foar de Flaamske literatuerprizen De Diamanten Kogel (it spannendste boek) en yn 2007 foar de Saint Amourprijs (bêste sekssêne). Yn 2022 waard Willem die Madoc maakte, syn roman oer de trettjinde-iuwske auteur fan Van den vos Reynaerde (Rein de Foks), nominearre foar De Boon foar fiksje - en non-fiksje. Ek stie it yn 2022 op de shortlist foar de Libris Literatuer Priis.

proaza
  • 1988 – Familiezaken (koart ferhaal)
  • 1991 – Noorderburen (histoaryske roman)
  • 1994 – Familiezaken: Verhalen (ferhalebondel wêrfan't it titelferhaal earder yn 1988 publisearre wurden wie)
  • 1999 – Ter Hoogte van het Salsa-paviljoen (Bildungsroman)
  • 2006 – Dromen van de Bok (roman)
  • 2009 – Maagdenbloed (koart ferhaal)
  • 2012 – Oorlogsparadijs (roman)
  • 2015 - Langzaam afbouwen op deze planeet (ferhalebondel) Amsterdam, G.A. van Oorschot, ISBN 9789028260788
  • 2021 - Willem die Madoc maakte (roman), Amsterdam 2021, G.A. van Oorschot, ISBN 978 90 282 2303 5
poëzij
  • 2013 – Meike om Reeuw in te Bieten: Texelse Gedichten (dichtbondel)
non-fiksje
  • 1992 – Changing Economy in Indonesia, Vol. 13: Wages 1820-1940 (skiedkundich wurk)
  • 1997 – Een Bijbeldriftig Dorp (essay)
  • 2003 – Het Angstzweet der Kolonialen (histoaryske en letterkundige essay's)
  • 2010 – De Sprekende Slang: Een Kleine Geschiedenis van Laaglandsfundamentalisme (histoaryske stúdzje oer in tsjerkeskuorring en doarpsdrama resultearjend út in grifformearde synoade-útspraak yn 1926)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Nico Dros
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?