For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Mûne fan Sloten.

Mûne fan Sloten

Mûne fan Sloten
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Akersluis 10
koördinaten 52°20' N 4°47' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje poldermûne
flecht 26.40 m
boujier 1990
oare ynformaasje
monumintale status provinsjaal monumint
Webside
molenvansloten.nl
Kaart
Mûne fan Sloten (Amsterdam)
Mûne fan Sloten

De Mûne fan Sloten yn it doarp Sloten by Amsterdam is in ikehouten, reiddutsen achtkante stellingmûne op in stiennen ûnderbou. De mûne stiet oan 'e ringfeart fan 'e de Haarlemmermeer en soarget mei it Akergemaal foar de bemealling fan 'e Westelijke Tuinsteden, de Amsterdamske stedsútwreiding fan 'e jierren 1950 en 1960.

De mûne is ien fan 'e Noard-Hollânske mûnen dy hast alle dagen foar besikers iepen is. Yn 'e mûne is in soad te sjen oer de technyk fan mûnen en de skiednis fan Sloten en it âlde Osdorp. Dêrnjonken is der in presintaasje oer Rembrandt, mei û.o. bylden fan waaks. De mûne wurdt boppedat ek as troulokaasje foar it Amsterdamske stedsdiel Nieuw-West brûkt en hat in lift.

Sûnt septimber 2021 is de mûne in provinsjaal monumint.[1]

De âldste mûne fan Sloten wie de Riekermûne út 1636, mar dy ferhûze yn 1956 fanwegen de sânwinning yn 'e Riekerpolder nei de Kalfjeslaan by de Amstel. Yn 1991 krige it doarp wer in mûne mei't in âld achtkant fan 1847 út de Watergraafsmeer op in nije bakstiennen ûnderbou set waard. Ek de kape en de wjukken binne doe nij makke. Yn septimber 2021 waard de 30e jierdei fan 'e mûne fierd.[2]

De mûne waard yn 2023-2024 restaurearre en op freed 6 juny 2024 waard de mûne wer iepene troch prinses Beatrix. By de bou fan 'e mûne krige de mûne fokwjukken, mar by it oanbringen fan 'e nije roeden by de restauraasje binne de wjukken sûnt Ald-Hollânsk ophekt.

Museum en brouwerij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 2005 waard de mûne útwreide mei in kûperijmuseum, dêr't in soad te sjen wie fan it âlde ambacht fan 'e kûperij. Dat museum waard yn 2020 sletten en it sammele guod ferhûze nei it Brabants Museum Oud-Oosterhout, wylst it houten gebou de funskje fan skoalle krige. Yn april 2018 waard njonken de mûne de brouwerij 'De 7 Deugden' iepene.

Om't de mûne it hiele jier hast alle dagen iepen is en tichteby de Lofthaven Skiphol leit, is de mûne populêr by bûtenlânske toeristen dy't eefkes in koarte besite bringe wolle oan in wurkjende mûne by Amsterdam. De mûne stiet op likernôch 10 minuten te gean fan 'e ein fan tramline 2 yn Nieuw Sloten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar oare boarnen op 'e Nederlânsktalige side nl:Molen van Sloten


Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam
De 1100 RoeDe 1200 Roed'AdmiraalDe BlomGemeenschapsmolenDe GooyerDe OtterRiekermûneMûne fan Sloten
· · Berjocht bewurkje
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Mûne fan Sloten
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?