For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for De Otter (Amsterdam).

De Otter (Amsterdam)

De Otter
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Gillis van Ledenberchstraat 78
koördinaten 52°22' N 4°52' E
bysûnderheden
type mûne paltrokmûne
funksje houtseachmûne
flecht 19,50 m
boujier 1631
oare ynformaasje
eigner Houthannel Van der Bijl
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 1198
Webside
www.molenterreindeotter.nl
FB-side
Kaart
De Otter (Amsterdam)
De Otter

De Otter is in mealreeë houtseachmûne oan 'e Kostverlorenvaart yn it west fan Amsterdam. De mûne is de lêste fan in soad oare mûnen, dy't dêr tusken de 17e en de ein fan 'e 19e iuw stien ha. De mûne is in saneamde paltrokmûne. It is ien fan 'e noch fiif besteande Nederlânske paltrokmûnen. De oaren steane yn Haarlim, Saandam, oan 'e de Saanske Skâns en yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim. De Otter is de âldste fan dy fiif.

Oan it begjin fan 'e 1900 wreide de stêd dêr út mei de Frederik Hendrikbuurt en sûnt rekke de mûne jimmeroan mear ynboud. Om de mûne better ta syn rjocht bringen, besochten mûneleafhawwers sûnt 2006 de mûne te ferhûzjen nei in bettere omjouwing, mar dy plannen mislearren om 't it stedsdiel gjin fergunning jaan woe.

De Otter wie ien fan 'e rige fan 13 houtseachmûnen, dy't yn opdracht fan 'e Amsterdamske Houtseachmûnekompanjy sûnt 1630 boude waarden. De yn 1631 boude mûne waard yn 1638 ferkocht oan in partikulier. Doe wie de lokaasje oan 'e westlike râne fan 'e stêd tige geunstich en hiene de mûnen genôch wynfang. Dêrnjonken bea harren plak oan 'e feart de mooglikheid it hout te ferfieren.

De Otter op in âlde foto.

Sûnt 1816 wie de grûn dêr't de mûne op stie fan houthannel G.T. van der Bijl. Mei de útwreiding fan 'e stêd tsjin de ein fan 'e 19e iuw waarde de measte omlizzende havens tichtsmiten. Der waard doe in nije stedswyk boud, de Frederik Hendrikbuurt. De houthannel bleau, mar gie yn 1921 op in elektrykse houtseachynstallaasje oer en de mûne rekke syn wjukkekrús kwyt.

Nei't de oanbuorjene mûne 'Het Luipaard' yn 1931 ôfbrutsen waard, wie De Otter as iennige fan 'e tsientallen mûnen dy't dêr stiene oerbleaun. Oan 'e oare kant fan 'e feart waarden yn 1934 de Sintrale Merkhallen boud, hjoed-de-dei it Food Center Amsterdam.

De ferhûzingskwestje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 waard De Otter restaurearre, sadat de mûne wer draaie koe. De mûne hat doe in skoft yn gebrûk west. Mar de omjouwing wie foar de mûne al problematysk en mei in soad nije heechbou yn 'e 21e iuw waar it biotoop foar de mûne noch minder. Sa ûntstiene der plannen om de mûne te ferhûzjen nei Uitgeest, mar it stedsdiel Westerpark sette it yn 'e kant en wegere yn 2004 in fergunning te jaan oan 'e Stifting 'Houtzaagmolen De Otter' om de mûne te ferhûzjen. De saak waard foar it brocht brocht en yn 2006 oardiele de rjochtbank dat it stedsdiel yn syn rjocht stie.[1]

Achterkant fan 'e mûne.

De houthannel by de mûne waard yn 2008 sletten. Sûnt 2009 koe de mûne wer draaie mar dêrnei waard der net in soad mear oan 'e mûne dien. Mûneleafhawwers bleaune krewearjen foar in ferhûzing, mar yn Amsterdam bleau it ferset tsjin in ferhûzing. De frijwilligers en it bestjoer fan 'e stifting rekken demotivearre en de mûne kaam stil te stean. Mei't de kwestje yn 'e sloer bleau, setten frijwilligers harren yn 2017 lang om let yn om it hiem wer wat op te rêden, om't hja de kâns op in ferhûzing tige lyts achten. Op 4 augustus 2017 oardiele de rjochtbank lang om let dat de De Otter definityf op it hjoeddeiske plak bliuwe moat. Dêrmei kaam in ein oan 'e lang striid tusken it stedsdiel en mûneleafhawwers nei't it stedsdiel Westerpark yn 2004 wegere in fergunning ôf te jaan oan de stifting 'Houtzaagmolen De Otter' om de mûne te ferhûzjen.

Nei jierren fan fertutearzing waard de mûne yn 2019 restaurearre.[2] Yntusken is houthannel Van der Bijl wer eigner. Yn 2022 en 2023 waard der hurd wurke om it mûnehiem op te knappen en binne in pear seachskuorren fernijd nei't se in nije fundearring krigen.[3][4]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam
De 1100 RoeDe 1200 Roed'AdmiraalDe BlomGemeenschapsmolenDe GooyerDe OtterRiekermûneMûne fan Sloten
· · Berjocht bewurkje
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
De Otter (Amsterdam)
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?