For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Jankton Sû Yndianereservaat.

Jankton Sû Yndianereservaat

Jankton Sû Yndianereservaat
Yankton Sioux Indian Reservation
Dravende Bolle (Tatáŋka Kiŋyáŋka), in 19e-iuwske foaroanman fan 'e Jankton-Sû.
Dravende Bolle (Tatáŋka Kiŋyáŋka), in 19e-iuwske foaroanman fan 'e Jankton-.
polityk
haadplak Marty (Súd-Dakota)
stamme Jankton Sû Stamme
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
sifers
ynwenners 6.465 (2010)
oerflak 1.724,2 km²
bef.tichth. 3,7 / km²
oar
stifting 1859
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
kaart
Dravende Bolle (Tatáŋka Kiŋyáŋka), in 19e-iuwske foaroanman fan 'e Jankton-Sû.
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Jankton is werjûn yn read.

It Jankton Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Yankton Sioux Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Jankton Sû Stamme (Yankton Sioux Tribe) yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.

It Jankton Sû Reservaat leit oan 'e noardigge fan 'e rivier de Missoury, dy't dêr de grins mei Nebraska foarmet, yn Charles Mix County. It is it op ien nei grutste reservaat dat hielendal yn ien county leit (nei it Osadzje Yndianereservaat). Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe krapoan 6.500 minsken yn it reservaat, dat goed 1.700 km² beslacht. It haadplak, dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige binne, is Marty, mar it grutste plak fan it reservaat is it stedsje Wagner. De fjouwer oare wenkearnen binne: Dante, Lake Andes, Pickstown en Ravinia.

Yn 1858 ûndertekenen de lieders fan 'e Jankton-substamme fan 'e Westlike Dakota mei it Amerikaanske regear it Ferdrach fan Washington, wêrby't se harren tradisjonele wengebiet op 'e Grutte Flakten opjoegen yn ruil foar in reservaat yn it suden fan Súd-Dakota en in bedrach fan $1,6 miljoen, út te kearen oer in perioade fan fyftich jier. It Jankton Sû Yndianereservaat waard sadwaande yn 1859 formeel oprjochte.

It reservaat wurdt bestjoerd troch in demokratysk keazen stammeried. De oarspronklike grûnwet waard yn 1891 oannommen. Mei't reservaatlân útsûndere is fan it Súddakotaanske steatsferbod op gokken, hat de stamme yn it reservaat in eigen kasino, it Fort Randall Casino and Hotel, yn Pickstown, sette litten, en teffens it Lucky Lounge and Four Directions Restaurant. Oare grutte wurkjouwers yn it reservaat binne de stamme sels, de pleatslike klinyk, it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) en de pleatslik middelbere skoalle. Der wurdt ek in wylde bizon-keppel yn it reservaat holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Jankton Sû Yndianereservaat
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?