For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Prinsbisdom Utert.

Prinsbisdom Utert

It gebiet fan it prinsbisdom Utert
It gebiet fan it prinsbisdom Utert

It Prinsbisdom Utert (ek wol bekend as It Sticht) wie it territoarium dêr't de Biskoppen fan Utert yn de Midsiuwen as foarst de lânshearlikheid útoefenen. In sticht wie in gebiet dêr't de abt of biskop oer regearre.

Utert wie fan 1024 oant 1528 in foarstendom yn it Hillige Roomske Ryk. Dat wol sizze dat de biskop as ryksfoarst en greve ek hearlike rjochten hie en dus ek wrâldlike macht besiet. Hy regearre oer:

  • it Nedersticht, dat oerienkaam mei de hjoeddeiske provinsje Utert.
  • it Oersticht, dat de tsjintwurdige provinsjes Oerisel en Drinte en Grinslân omfette.

De earste biskop fan Utert wie de hillige Willibrord sûnt 703. Hy wie ek de aartsbiskop fan de Friezen.

Karel de Grutte re-organisearre yn de 9e iuw de tsjerklike yndieling fan de Nederlannen. Tusken dy tiid en 1559 hearde alles boppe grutte rivieren en Seelan ta it bisdom Utert. Utsein de gebieten om Grinslân en eastlik Gelderlân dy't by it bisdom Münster en it Bisdom Osnabrück hearden. It bisdom sels wie yndield by it aartsbisdom Keulen. It bisdom wie dus in suffragaanbisdom fan Keulen. Los fan de tsjerklike hearrigens wie de prinsbiskop in ûnôfhinklik ryksfoarst.

De biskoppen fan Utert krigen harren lânshearlikheden tusken de 11e iuw en de 13e iuw. De opfolgers fan Karel de Grutte skonken grutte dielen fan it ryk oan de tsjerklike foarsten om sa in tsjinwicht te foarmjen tsjin harren machtige lienhearen. By it Konkordaat fan Worms yn 1122 ferliende de keizer it rjocht om biskoppen en abten te beneamen. Dy taak kaam yn hannen fan de geastlikheid sels. In kandidaat foar in lege biskopssit moast faak kostbere beloften dwaan om keazen te wurden. Dêrtroch ferswakke de posysje fan de biskop yn it foardiel fan de eallju.

De groei fan it bisdom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oersjoch fan skinkingen fan goed en rjochten:

  • Utert en Fechten (yn 723 befêstige)
  • Leusden en fjouwer wâlden yn Iemlân 777
  • St. Odiliënberg
  • wyldban yn Drinte 944
  • guod yn Loenen en Eck 949/953
  • wyldernisregaal yn de wijde omjouwing 948/953
  • Muiden 975
  • lângoed yn Tiel en Arkel 999
  • Follenhove yn 1010
  • Biskop Adelbold II waard yn 1024 greve fan Drinte en lei dêrmei de basis fan it Sticht.
  • Biskop Adelbold II krige yn 1026 greeflike rjochten yn Teisterbant
  • Yn 1040 skonk Keizer Hindrik III in yn it Greefskip Drinte lizzend lângoed "Cruoninga". De dêr ûntstiene stêd Grins waard troch in fan de biskop oanstelde prefekt bestjoerd.
  • Biskop Bernold waard greve oan de easthoeke fan de Sudersee yn 1042 en greve fan Hamalant yn 1046.
  • Biskop Willem I fan Utert waard Greve fan Greefskip West-Fryslân yn 1064.
  • Biskop Koenraad fan Swaben waard greve fan Greefskip Starum yn 1077, greve fan de Eastergoa en Westergoa yn 1086 en greve fan it Iselgoa yn 1086.

De biskoppen fan Utert lieten harren goederen beheare troch fâden en liengreven.

  • Izaak Hendrik Gosses, De Bisschop van Utrecht, het Domkapittel en de Groninger Prefect, yn: Bijdragen voor vaderlandsche geschiedenis en oudheidkunde, fjirde rige VII (1908), siden 25-135.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Prinsbisdom Utert
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?