For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Tritichjierrige Oarloch.

Tritichjierrige Oarloch

Skilderij dat de oerwinning op de Wite Berch sjen lit troch Johan Tzerclaes, Greve fan Tilly

De Tritichjierre Oarloch wie in grutskalich polityk en religeusk konflikt dêr't in protte Jeropeeske lannen by belutsen wienen en dat benammen fierd waard op Dútske boaiem. De oarloch duorre fan 1618 oant 1648 en einige mei de Frede fan Westfalen.

De oarsaken foar de kriich wienen de tsjinstellings tusken roomsk-katoliken en protestanten, en it stribjen nei macht troch de ferskillende steatsjes dêr't it Dútske ryk yn ferdield wie. By de godstsjinstfrede fan Augsburch (1555) wie de ferhâlding tusken katoliken en protestanten net sa befredigjend regele, dat it konflikten tenei foarkomme koe. Yn 1608 foarme har in ferbûn fan protestantske foarsten, de Uny, ûnder de kalvinistyske foarst fan de Palts. Dêr foaroer stelde him yn 1609 de katolike Liga ûnder de hartoch fan Beieren. In opstân yn Bohemen, dêr't de protestanten fan Rudolf II yn 1609 frijheid fan godstsjinst krigen hienen, in frijheid dy't troch syn opfolger Matthias wer tebek set waard, lette yn 1618 de oarloch yn.

Nei de dea fan Matthias (1619) keazen de Boheemjers, de kalvinistyske keurfoarst Freark V ta kening. Hy waard stipe troch troch in oantal Dútske protestantske foarsten. De nije keizer, de strang katolike Freark II stjoerde in leger ûnder lieding fan fjildhear Johan Tzerclaes nei Bohemen, dat yn novimber 1620 yn de slach op de Wite Berch, de protestanten ferneatigjend fersloech. De kriich bleau lykwols oanhâlden troch ynminging fan bûtenlânske machten. Spanje joech steun oan de keizer, wylst Christiaan IV de protestanten te help kaam. Troch de keizerlike fjildhearen Wallenstein en Tilly waard dizze kening lykwols yn 1629 twongen om frede te sluten (de Frede fan Lübeck).

In jier letter brekt de oarloch op 'e nij út at de Sweedske kening Gustaf II him yn de striid mingd. Gustaf dy't him troch Wallenstein bedrige fielde falt oan en kriget dêrby steun fan de Nederlânske Republyk (sels noch belutsen yn de Tachtichjierrige oarloch) en yn 1635 iepentlik fan it katolike Frankryk, dêr't Richelieu foar alles de macht fan de Habsburgers brekke wol. Gustaf II hellet inkele wichtige oerwinnings (Breitenfeld, 1631; Lech, 1632) mar sneuvelt te Lützen yn 1632, yn itselde jier dat ek syn tsjingader de Greve fan Tilly sneuvelt. De oare katolike fjildhear Wallenstein waard yn 1634, mei ynstimming fan de keizer, dy't syn macht freesde, fermoarde.

Undertekening fan de frede yn Münster (1648), troch Gerard Terborch

Yn 1647 slagget it de Frânske fjildhear Turenne, tegearre mei Condé en de Sweden, Beieren ta oerjefte te twingen. Yn 1648 makket de Westfaalske Frede (yn Münster en Ostnabrück) foarfêst in ein oan de kriich. Dizze frede hie wiidweidige gefolgen. It besegele de ûndergong fan de keizerlike macht yn it Dútske Ryk en makke dy fan de ryksfoarsten sterken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Tritichjierrige Oarloch
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?