For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Teun Tolman.

Teun Tolman

Teun Tolman

Teunus (Teun) Tolman (Aldeholtpea, 22 septimber 1924 - dêre, 30 oktober 2007) wie in Nederlânske boer en politikus. Hy wie lid fan de Twadde Keamer foar de CHU en wie lid fan it Jeropeesk Parlemint.

Tolman waard berne as soan fan de feefokker Andries Tolman en Geertje de Boer. Syn beide pakes wienen feehâlder. Tolman groeide op yn in Nederlânsk Herfoarme húshâlding en folge letter de Legere Lânbouskoalle. Yn 1951 troude hy mei Doutzen Gerbrandy.

Fan 2 septimber 1958 ôf wie Tolman as lid fan de gemeenteried fan Weststellingwerf wethâlder, oant hy yn septimber 1967 op oanstean fan it haadbestjoer fan it CBTB ûntslach naam. Op 9 novimber 1959 waard hy boppedat lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, op 5 juny 1963 waard hy ek lid fan de Twadde Keamer. Neidat hy syn wethâlderskip dellein hie, kaam op 17 july 1979 in ein oan syn lidmaatskip fan de Twadde Keamer, dat hy sûnt 8 juny 1977 foar it CDA beklaaide. Hy wie yntiids 19 jannewaris 1978 lid wurden fan it Jeropeesk Parlemint, oanwiisd troch de Steaten-Generaal. Ek waard hy yn jannewaris 1978 twadde fise-fraksjefoarsitter fan it CDA. Neidat syn Twadde keamer lidmaatskiap einige bleau Tolman lid fan it Jeropeesk Parlemint. Fan 1990 ôf wie hy foarsitter fan de Jeropeeske Lânboukommisje.

Tolman operearde op de rjochterkant fan syn partij. Hy wie in foarstanner fan it Súdafrikaanske Apartheidsbewâld, wie tsjin it ferlienen fan ûntwikkelingshelp oan Kuba en stimde yn 1978 tsjin de moasje-Terlouw wêryn de produksje fan de neutroanebom ôfwiisd waard.

Hy hie ferskate bybaantsjes en wie ûnder oare bestjoerslid by de NCRV en by de Uny fan Wetterskippen.

Teun Tolman ferstoar op 83-jarige leeftyd yn syn wenplak. Hy hie twa soannen en twa dochters. Hy wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1975) en Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1988).

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Teun Tolman
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?