For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Tara Holiday.

Tara Holiday

Tara Holiday
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Sileensk
berne 11 maaie 1967
berteplak Santiago (Sily)
etnisiteit Sileensk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20102015
offisjele webside
www.taraholidayxxx.com

Tara Holiday, echte namme ûnbekend (Santiago, 11 maaie 1967), is in rêstend Sileensk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2015 beëinige Holiday har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Holiday waard yn 1967 berne yn 'e Sileenske haadstêd Santiago. Har earste baan hie se as balletdosinte foar bern. Yn 2010 ferfear Holiday nei de Feriene Steaten, dêr't hja har nei wenjen sette yn Los Angeles en in karriêre as pornoaktrise begûn. Datselde jiers makke se op 43-jierrige leeftyd har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn krapoan hûndert Amerikaanske pornofilms, dy't benammentlik ta it subsjenre fan 'e milfpornografy hearden. Dêrby wurke se û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Sin, Score, Evil Angel, Zero Tolerance, Devil's Film, Red Light District, Diabolic Video en New Sensations. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films en Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre as pornoaktrise wurke Holiday gear mei froulike kollega's as Mischa Brooks, Chastity Lynn, Janet Mason, Allison Moore en India Summer, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Danny D, Shane Diesel, Billy Glide, Johnny Sins, Bruce Venture en Mark Wood. Hja omskriuwt harsels as in "Latina-cougar" en hâldt fan sporten, lekker iten, ritsjes yn achtbanen en skydiving. Op har offisjele webside hjit it dat hja in Bolle is, "en dus net allinne trou en leafdefol, mar ek boartlik en yntelligint." Yn 2015 beëinige Holiday har wurkpaad yn 'e pornografy. Sûnt wurket hja as fysioterapeut en estetika.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tara Holiday is blank, mei blauwe eagen en (fan natuere) rodzich hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat Holiday gjin piercings, mar wol hat se ferskate tatoeaazjes, te witten op har ûnderrêch, loftsboppe har skamstreek en op har lofterankel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Tara Holiday
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?