Swarte Broek
De Swarte Broek is in marke op de grins fan de gemeente Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, yn 'e himrik fan Readtsjerk en Feanwâlden (Dantumadiel) en Mûnein (Tytsjerksteradiel). De mar stiet oan de noardkant yn ferbining mei de feart nei it westlik lizzende Mûnein en mei de Koarte Suwei nei it suden. Oan de noardkant, beëasten Readtsjerk, leit de polder Wyldfean.
De namme Swarte Broek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zwarte Broek.
Text is available under the CC BY-SA 4.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.