For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Binnenstêd.

Binnenstêd

De Eiffeltoer mei dêromhinne leechbou yn 'e binnenstêd fan Parys. Op 'e eftergrûn de heechbou fan it sakesintrum La Défense.

In binnenstêd, stedssintrum, stedskearn of stedshert is it ornaris histoaryske diel fan in stêd dat troch de oanwêzichheid fan winkels, museä, katedralen en oare iepenbiere foarsjennings in sintrumfunksje yn 'e stêd ferfollet. Meastal leit in binnenstêd ek geografysk yn it hert fan 'e stêd, hoewol't dat net altyd sa hoecht te wêzen, bgl. as in stêd oan in rivier, mar of de kust leit en der sadwaande troch de iuwen hinne allinnich oan 'e lânkant nijbou plakfûn hat.

Yn in protte stêden is de binnenstêd autolij makke om it der foar stadiger ferkear (fuotgongers en fytsers) oantrekliker te meitsjen. In soad Jeropeeske binnenstêden omfiemje in histoarysk stedshert mei fuort dêrbûten in wichtich treinstasjon, dat yn 'e regel bekend stiet as it 'sintraal stasjon'. Meastal leit ek it sakesintrum krekt bûten de binnenstêd. Yn Noard-Amearika, en yn 't bysûnder yn 'e Feriene Steaten, komme frijwol gjin histoaryske stedskearnen foar. De binnenstêd is dêr benammen wer te kennen oan grutte winkelstrjitten en in sakesintrum mei in protte heechbou. Dat jildt ek foar Sina, dêr't de measte âlde gebouwen sloopt binne, en teffens foar stêden as Iper, Rotterdam en Dresden, dy't troch oarlochsbombardeminten de histoaryske binnenstêd kwytrekke binne.

It tsjinstelde fan 'e binnenstêd wurdt foarme troch de bûtenwiken, dy't oan 'e râne fan 'e stêd lizze. Tusken dy beide utersten yn is de rest fan 'e stêd sitewearre. Yn it Amerikaansk-Ingelsk sprekt men wol fan downtown as men de binnenstêd bedoeld, wylst mei it minder bekende uptown de bûtenwiken oantsjut wurde. Histoarysk wie it sa dat de wengebieten yn 'e binnenstêd faak mei ferpaupering te kampen hiene, sadat dêr it earmere diel fan 'e befolking wenne, wylst de riken har yn 'e bûtenwiken en de foarstêden nei wenjen setten. Sûnt de 1980-er jierren hawwe har yn 'e measte stêden yn 'e Westerske wrâld jonge riken (de saneamde yuppen) yn 'e binnenstêd fêstige, mei as gefolch dat der in ein kaam oan 'e ferpaupering, mar wat der ek foar soarge dat de kosten fan it wenjen dêr omheech giene, sadat de earmen dat net mear opbringe koene en twongen waarden om te ferhúzjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Binnenstêd
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?