For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Stedhûs fan Boalsert.

Stedhûs fan Boalsert

Stedhûs fan Boalsert
bouwurk
Stedhûs fan Boalsert
Stedhûs fan Boalsert
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Boalsert
adres Jongemastrjitte 2
koördinaten 53° 3' 43" N 5° 31' 23"E
bysûnderheden
type bouwurk stedhûs/waach
boujier 1614-1617
arsjitekt Jacob Gysberts
boustyl Frysk mariënisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9836 [1]
kaart
Stedhûs fan Boalsert (Boalsert)
Stedhûs fan Boalsert

It Stedhûs fan Boalsert is it stedhûs fan de Fryske stêd Boalsert en waard boud tusken 1614-1617, dy't in gebou út 1474 ferfong. It hat de status fan ryksmonumint.

De ûntwerper en makker fan it houtfykwurk yn de riedseal wie Jacob Gysbert, de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx, wylst Abraham Jacobs de timmerman en Marten Dominici de stedsmitselder wiene. It stedhûs waard boud yn de jierren 1614 - 1617. It ferfong in gebou út 1474, dy't in oarspronklike funksje as waach hie.
It riedhûs is boud yn de styl fan it Frysk maniërisme. Boppe it trepbordes, dat yn 1768 fernijd waard, sitte boppe de haadyngong trije bylden mei gouden foarwerpen: in waachskeal, in anker en in boek. Dêrboppe noch in byld en in sinnewizer. It gebou hat oan de boppekant fan de foargevel in fries mei in saneamde rolwurkgevel.

It sânstiennen yngongsportaal mei ioanyske pylders yn mariënistyske styl wurde ôfsletten edikula mei dêryn in byld fan de kardinale deugden Iustitia (rjochtfeardigens) dy't flankearre wurdt troch Spes (leauwe) en Fides (hope) en op it ôfslutende fonton Charitas (leafde).

It stedhûs hat in achtkante toer mei in liedklok (1619) fan Hans Falck, in klok (1680) fan Petrus Overney en in beiaard út 1955. Op de grutte klok fan it klokkespul stiet in râneskrift: Tel zorgvuldig de uren welke mijn stem verkondigt: een van die vele zal uw laatste zijn.

Yn it sûterrên stie ek in waach en wie dêrtroch ien fan de Waachgebouwen yn Fryslân dy't yn it stedhûs fêstige wie. Der hinget noch in grutte waachskeal. De finzenpoarte late nei de finzenis boppe yn it gebou.

Yn de perioade 1892 oant 1895 waard it stedhûs restaurearre neffens in plan fan de Rotterdamske arsjitekt Jan Verheul.

Sûnt Boalsert yn 2011 opgie yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt it gebou hast ner mear brûkt. It pân krige in nije bestimming nei in grutte ferbouwing. Yn 2019 waard de houten opbou fan de toer fuort takele foar weropbou omreden dat it houtwurk troch de bûnte knaachtuorre oantaaste wie. Troch de balken fan it boppeste part fan de toer wie hinne fretten. Yn juny 2021 waard de toer nei it weropbouwen weromset.[2]

Kultureel sintrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 2021 waard it stedhûs nei in ferbouwing yn gebrûk nommen as gemeentekantoar en it kultureel sintrum De Tiid. Dêr wurde in museum, kafee, biblioteek, gemeenteloket, gemeente-argyf, de âldheikeamer Boalsert en Gysbert Japikshûs yn ûnderbrocht. Sûnt 26 july 2022 is it Titus Brandsma Museum dêr ek yn fêstige.

Fotogalery fan it stedhûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
  • Ronald Stenvert Stedhûs fan Boalsert yn Monumenten in Nederland. Fryslân (2000). Seist, Rykstsjinst foar de Monumintesoarch. Swol, Waanders Utjouwers
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stedhûs fan Boalsert fan Wikimedia Commons.
Stedhuzen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum
· · Berjocht bewurkje
Waachgebouwen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
AldeboarnBoalsertDokkumFrjentsjer • De Gordyk • Harns • HylpenKollumLangwar • De Lemmer • LjouwertLjouwert (beurs)Makkum • Sleat • Warkum
· · Berjocht bewurkje

))

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Stedhûs fan Boalsert
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?