For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Stanisław Sosabowski.

Stanisław Sosabowski

Kolonel Stanisław Sosabowski
Sosabowski (lofts) mei generaal Browning (rjochts)

Stanisław Franciszek Sosabowski (Stanisławów (tsjintwurdich Ivano-Frankivsk, Oekraïne), 8 maaie 1892 - Hillingdon, 25 septimber 1967) wie in generaal-majoar yn it Poalske leger. Hy wie de oprjochter fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade, wêrmei't er as befelhawwer yn septimber 1944 focht yn de Operaasje Market Garden. Sosabowski waard troch ferskate minsken ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan dy operaasje.

Sosabowski kaam yn Stanisławow op 'e wrâld. Stanisławow wie de haadstêd fan de provinsje Galisië dy't yn syn jonge libben ûnderdiel wie fan Eastenryk-Hongarije. Yn 1918 waard Poalen in ûnôfhinklik lân. Sosabowski wie de soan fan in spoarmeiwurker en hie noch fjouwer susters. Yn 1911 wie er klear mei syn skoalle. Nei syn skoalle wurke er by in bank en gong letter it Eastenryksk-Hongaarske leger yn. Yn 1914 fjochte er oan it Russyske front. Yn juny 1915 rekke er ferwûne by de rivier de Lesna. Hy krige ferskate ûnderskiedingen foar syn moed, en waard yn 1918 befoardere ta luitenant. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich wurke er yn it nij oprjochte Poalske leger. Yn de jierren 1923-27 die er syn stúdzje by de Generale Stêf, dêr't er fan 1930 oant 1936 as dosint wurke. Yn 1937 waard Sosabowski befoardere ta kolonel.

Yn jannewaris 1939 waard Sosabowski kommandant fan in ynfanteryrezjymint yn Warsjau. Op 1 septimber 1939 foelen de Dútsers Poalen oan. Sosabowski en syn ynfanteryrezjymint fjochte by Warsjau tsjin de Dútsers. Foar de ferdigening fan Warsjau krige er de heechste Poalske militêre ûnderskieding, de Virtuti Militari. Nei't de Dútsers Poalen beset hienen flechte Sosabowski oer Tsjechoslowakije nei Frankryk. Nei it ferlies fan Frankryk yn 1940 flechte er nei Grut-Brittanje en waard yn Skotlân stasjonearre. Dêr waard er befelhawwer fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade.

Op 17 septimber 1944 begûn de Operaasje Market Garden. Om it minne waar waard it lofttransport fan de Poalske parasjutisten ferskood nei 19 en 21 septimber. De falskermers kamen op ferskillende plakken tusken Arnhim en Nimwegen del. Under Sosabowski syn lieding hienen de Poalen grutte ferliezen en hellen gjin strategyske doelen dy't fan belang wienen foar it sukses fan de operaasje. Troch de Britske generaals waard er - ûnrjochtlik - ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan de operaasje en hy moast de militêre tsjinst yn desimber 1944 ferlitte. Nei de Twadde Wrâldkriich hat der in soad diskusjes west oer syn rehabilitaasje.

Yn 2006 krige Sosabowski fan Keninginne Beatrix postúm de Brûnsen Liuw foar syn moed en dapperens.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Stanisław Sosabowski
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?