For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Spiltiid.

Spiltiid

Neffens de Spiltiid-teory ûntwikkele de filosofy efter de wrâldgodstsjinsten him yn it tiidrek fan 800 oant 200 f.Kr.

De Spiltiid is in lienfertaling fan 'e troch de Dútske teolooch Karl Jaspers betochte term Achsenzeit, dy't troch godstsjinstwittenskippers en teologen brûkt wurdt om 'e perioade fan likernôch 800 oant 200 f.Kr. oan te tsjutten. Dat tiidrek foel gear mei de trêde evolúsje fan de Aldheid, en foarme it begjin fan 'e Klassike Aldheid. Yn 'e Spiltiid kamen der yn alle religyen fan 'e grutte beskavings fan 'e wrâld nije systemen en ideeën op, dy't oant yn dizze tiid in krúsjale rol spylje. It ûntstean dêrfan hong gear mei de feroarjende sosjale en ekonomyske omstannichheden, mar om redens dy't hjoed de dei noch altyd net folslein begrepen wurde, makken yn dy tiid alle wichtige beskavings inselde ûntjouwing troch, sels as se gjin ûnderlinge kontakten ûnderholden, lykas Sina en Jeropa.

Elts fan dy beskavings ûntwikkele syn eigen oplossings foar de swierrichheden dy't ûntstiene doe't de hannel en dêrtroch de wolfeart en sadwaande ek it materialisme tanaam mei as gefolch dat de befolking fan 'e stêden foar it earst yn 'e skiednis fluch begûnen te groeien. En oeral bestie de oplossing út in sosjale ideology fan morele en etyske noarmen en wearden.

Sa ûntstiene yn Sina it taoïsme570 f.Kr.) en it konfusianisme510 f.Kr.). Yn Yndia ûntwikkelen har it boedisme525 f.Kr.), it jaïnisme500 f.Kr.) en it ûpanisjadyske brachmanisme (±500 f.Kr.) út it âldere, vedyske hindoeïsme. Yn it Midden-Easten ûntstie it soroästrisme600 f.Kr.) en kaam ek it klassike joadendom550 f.Kr.) ta stân út 'e jahwistyske kultus fan 'e Israelityske profeten. En yn Jeropa ûntjoech him it filosofyske rasjonalisme (±400 f.Kr.) fan Plato en Aristoteles. Lettere religieuze herfoarmers ûntlienden harren ideeën foar in tige grut part oan dizze Spiltiid-ideologyen, sadat ek de kaarten foar it kristendom, de islaam en oare lettere godstsjinsten yn dy tiid al skodde waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • ――, Die Religion in Geschichte und Gegenwart: Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Spiltiid
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?