For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Sleat (wetter).

Sleat (wetter)

In sleat.

In sleat is in wettergong op plakken dêr't reinwetter gearstreamt, sadat it ôffierd wurde kin nei gruttere oerflaktewetters, lykas opfearten en kanalen, marren en úteinlik de see. Sleatten meitsje sadwaande in wichtich ûnderdiel út fan 'e wetterhúshâldkundige ynfrastruktuer. In grutte sleat wurdt al gau in feart neamd, wylst in petiterich sleatsje in greppel is.

In goed hekkele sleat.

Dêrnjonken wurde sleatten, fral yn it noarden en westen fan Fryslân, ek faak brûkt as ôffreding fan perselen grûn. Sawol greidlân as ikkers wurde dertroch omjûn, wêrby't se fral by greiden funksjoneel binne om weidzjend fee te hâlden dêr't it bliuwe moat. Sokke stikken lân, sawol greide as bou, wurde ek faak fan wegen skaat troch sleatten. Hoewol't de ôffredingsfunksje fan sleatten troch de measte minsken as it wichtichst ûnderfûn wurdt, is it eins in sekundêre funksje, mei't de ôfwettering folle belangriker is en foar ôffreedzjen likegoed stekken of houtwâlen brûkt wurde kinne soene.

Sleatten moatte ien kear yn 't jier hekkele wurde, wêrby't se ûntdien wurde fan 'e wetterplanten. Bart soks net, dan groeie se op 'en doer ticht. Behalven foar ôffreding, ûntwettering en opfang fan oerstallich wetter binne sleatten ek fan libbensbelang foar biodiversiteit en foar de natoer yn it algemien. Benammen in protte fûgels, ynsekten en amfibyen tankje harren fuortbestean oan 'e biotopen fan 'e sleat sels en fan 'e sleatswâlen.

Nederlân hat in netwurk fan yn totaal 330.000 km oan sleatten.[1] Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is dat sifer sterk omleech gien troch ruilferkaveling, skaalfergrutting fan de lânbou, gebrek oan lânskipssoarch, de oanlis fan nije wegen en oare ynfrastruktuer, en de útwreiding fan stêden en doarpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kasimir, Harry, Leven onder de oppervlakte, yn: de Ljouwerter Krante, 8 juny 2018, s. 19.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Sleat (wetter)
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?