For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen).

Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen)

Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen)
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hantumhuzen
koördinaten 53° 22' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Anne
status Ut en troch yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
boujier 12e-13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38700
Webside
SAFT
Kaart
Sint-Annetsjerke (Fryslân)
Sint-Annetsjerke

De Sint-Annetsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Hantumhuzen. De yn de katolike tiid oan de hillige Anne wijde tsjerke waard yn 2007 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. It Frysk Oekumenysk Wurkferbân organisearret ienris yn 'e moanne in tsjerketsjinst yn de Annetsjerke.

It âldste diel fan it bouwurk is de foar in part ynboude toer, dy't stamt út likernôch 1200. De bou fan de romanogoatyske tsjerke folge yn de earste helte fan de 13e iuw. Yn de 14e iuw krige de tsjerke in stiennen ferwulft, dat fan fresko's foarsjoen waard. Yn de 18e iuw waard in fiifsidich sletten koer boud en krige de tsjerke in nije kape.

De tsjerke waard yn de jierren 1939-1942 ûnder lieding fan A. Baart restaurearre. By dy restauraasje binne details oan it gebou yn in 13e-iuwske styl tafoege. It 18e-iuwske koer krige doe romaanske finsters.

Ynterieur

Oarspronklik hie de tsjerke twa ferwulften, dy't yn de 14e iuw ferfongen waarden troch trije. De fresko's op twa fan de trije stiennen ferwulften stamme út de 14e of 15e iuw. It meast eastlike ferwulft is yn de 16e of 17e iuw ferfongen. De beskildering yn dat ferwulft is letter oanbrocht.

De iken preekstoel mei rokoko-fykwurk en it doophek binne fan 1773 en wurde taskreaun oan Yge Rintjes. De kânselbibel stamt út 1662.

Tsjin ien fan de noardlike pylders is it foar in part skansearre en yn 1895 ûntdutsen epitaaf fan Pybo fan Emingha († 1571) en syn frou Biueck Sioerda (1563). Yn de tsjerke lizze en steane der ferskillende sarken út de 16e en 17e iuw, ûnder oaren dy fan Amko Jaarla.

It meganyske smei-izeren oerwurk is 17e-iuwsk.

It ienmanualige oargel út 1907 waard boud troch Bakker & Timmenga.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen)
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?