For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Sealen Schaaf.

Sealen Schaaf

Sealen Schaaf
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Breedstrjitte
koördinaten 53°12′16″ N 5°47′57″ E
bysûnderheden
type bouwurk sealesintrum/teäter
boujier âldste diel 1808
arsjitekt Gerrit van der Wielen
offisjele webside
www.schaafcitytheater.nl
kaart
Sealen Schaaf (Ljouwert-Binnenstêd)
Sealen Schaaf

Sealen Schaaf (offisjeel Nederlânsk: Zalen Schaaf), letter koartwei Schaaf en tsjintwurdich offisjeel Schaaf City Theater, mar noch altyd it bekendst ûnder de âlde namme, is in sealesintrum en teäter oan 'e Breedstrjitte, yn 'e binnenstêd fan Ljouwert.[1]

Sealen Schaaf.

It âldste diel fan it sealesintrum waard yn 1808 boud troch stedstimmerman Gerrit van der Wielen. Dat died er yn 'e tún fan syn eigen hûs oan 'e Sakramintsstrjitte. It kaam doe bekend te stean as 'Seal Van der Wielen'.[1] Neitiid waard it sealesintrum withoefolle kearen ferboud en útwreide. Yn 1920 kaam it yn eigendom fan Louis Schaaf, wêrnei't it de namme fan 'Sealen Schaaf' droech.[1]

Benammen fan 'e 1950-er oant de 1970-er jierren wie it ien fan 'e wichtichste útgeansgelegenheden yn Ljouwert. Behalven foar muzyk en dûns waarden de sealen ek brûkt foar toaniel, bestjoersgearkomsten, eksamens en oare doelen.[1] Fan 1995 oant 2009 wie it sealesintrum yn besit fan Frans van den Borg en Ton Klein, dy't it as 'Muzyksintrum Schaaf' ekploitearren.[1] Sûnt 2009 is it yn eigendom fan 'e Gemeente Ljouwert.[1] De eksploitaasje wie oant ein 2018 yn 'e hannen fan Carel Nout, dy't yn it sealesintrum û.m. tribute bands optrede liet.[2]

Yn 2018 wie der praat fan dat Sealen Schaaf oan 'e ein fan it jier definityf ticht gean soe, temear om't Ljouwert mei Neushoorn al in oar (en nijer) needlijend sealesintrum hat. Dêr sette in groep Ljouwerters it tsjin yn 'e kant. Hja rjochten de feriening Freonen fan Schaaf op, dy't mei it Ljouwerter gemeentebestjoer yn petear gie oer de takomst fan it sealesintrum.[2] Utkomst wie dat Schaaf teminsten oant en mei 31 desimber 2019 iepenbliuwt. Freonen fan Schaaf fersoarget yn 2019 de programmearring, mei as foaroanman Bobby Veenstra, dy't ek yn 'e organisaasje fan it muzykfestival Promised Land sit.[2]

Yn novimber 2019 stimde de gemeenteried fan Ljouwert der op oanstean fan 'e fraksjes fan PvdA en PAL/GrienLinks mei yn dat Sealen Schaaf ek yn 2020 iepenbliuwe soe. It CDA kante him dêrtsjin oan, temear om't yn deselde snuorje út in rapport fan it ûndersyksburo KplusV bliken die dat Neushoorn, dat ek troch de gemeente subsidiëarre waard, lêst ûnderfûn fan it iepenbliuwen fan Sealen Schaaf.[3] Yn febrewaris 2020 waard bekendmakke dat Sealen Schaaf te keap of te hier kaam, mar net sloopt wurde mocht. As ferkeappriis stelde it Kolleezje fan B. & W. 400.000 foar, oanmerklik leger as de boekwearde fan €510.000, mar "in reëel minimum as sjoen wurdt nei de kompleksiteit en de steat fan it gebou." As hierpriis waard €50.000 yn it jier foarsteld, in bedrach dat dan troch de gemeente brûkt wurde soe foar bywurkjen fan efterstallich ûnderhâld.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2321..
  2. 2,0 2,1 2,2 ——, Zalen Schaaf blijft open met nieuwe huurder, yn: de Ljouwerter Krante, 22 desimber 2018, s. 23.
  3. ——, CDA Leeuwarden vraagt sluiting Zalen Schaaf, yn: de Ljouwerter Krante, 27 novimber 2019, s. 31.
  4. Boers, Erwin, Zalen Schaaf te koop, maar niet te sloop, yn: de Ljouwerter Krante, 12 febrewaris 2020, s. 28.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Sealen Schaaf
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?