For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Sanaksarkleaster.

Sanaksarkleaster

Kleaster Sanaksar
Санаксарский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
republyk Mordoovje
plak Temnikov
koördinaten 54° 39' N 43° 09' E
Kleastergegevens
oprjochting 1659
opheffing 1929
weriepening 1991
Ynformaasje bou
boujier Twadde helte 18e iuw
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 1310041000
Webside
sanaksary.ru
Kaart
Sanaksarkleaster (Jeropeesk Ruslân)
Sanaksarkleaster

It Sanaksar-kleaster fan 'e Berte fan 'e Mem Gods (Russysk: Рождество-Богородичный Санакса́рский монастырь) is in Russysk-otterdoks kleaster oan 'e Mosksja, in sydrivier fan 'e Oka, yn 'e omkriten fan Temnikov yn 'e Russyske republyk Mordoovje.

It kleaster waard yn 1659 ûnder it bewâld fan tsaar Aleksej I stifte op sa'n trije werst fan Temnikov oan 'e lofter kant fan 'e rivier de Moksja. It marke dat by it Sanaksar-kleaster leit joech de namme, letterlik betsjut dat yn it lokale dialekt "lizzend yn in sompige delte by de heuvel".

In iuw nei de stifting rêde it kleaster it net mear; it ferlear de selsstannigens en waard tawiisd oan it Sarov-kleaster. Under de starets Fjodor (1718–1791), in omke fan 'e ferneamde marine-kommandant Fjodor Usjakov (1744-1817), waard it kleaster wer opboud en makke it in nije bloeiperioade troch. De houten gebouwen waarden ferfongen troch stiennen gebouwen en it Sanaksarkleaster ûnjoech him mei Sarov ta in wichtich spiritueel sintrum fan it Keizerryk.

De Katedraal fan 'e Berte fan 'e Mem Gods.

Fjodor (boargelike namme Ivan Ignatjevitsj Usjakov) en syn omkesizzer Fjodor Usjakov binne yn it kleaster byset en beide troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre. Ek tsjintwurdich wurde harren reliken noch altiten fereare yn it kleaster.

Nei de Oktoberrevolúsje moast it kleaster yn oktober 1929 de poarten slute.

It regear fan Mordoovje naam yn 1991 it beslut it eardere kleasterkompleks werom te jaan oan it bisdom Saransk. Op 26 maaie 1991, op 'e feestdei fan 'e Hillige Trije-ienheid, waard der foar it earst wer in tsjinst fierd.

De gebouwen fan it kleaster datearje út de twadde helte fan 'e 18e iuw. De haadyngong fan it troch muorren en gebouwen omsletten kleaster wurdt foarme troch de 52 meter hege, oan 'e Transfiguraasje wijde, poartetsjerke (1774-1776). Yn it súdeastlike diel stiet de ienkoepelige Vladimirtsjerke (1780-1782). De gastenferbliuwen lizze oan 'e westlike kant fan it kompleks. Sintraal op it terrein stiet de monumintale katedraal (1765-1773), dy't wijd is oan 'e berte fan de Mem Gods en boud wurde koe mei donaasjes fan Katarina de Grutte. It fiifkoepelige gebou yn 'e styl fan 'e barok en rokoko bestiet út in boppe- en benedentsjerke en is sawol oan 'e binnen- as bûtenkant ryk dekorearre.

In pear hûndert meter bûten it kompleks leit it ommuorre tsjerkhôf mei de klassisistyske Ferrizenistsjerke (1805-1810).[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Санаксарский монастырь


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Sanaksarkleaster
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?