For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Premier.

Premier

In premier (útspr.: [prə'mje:], "prumjee") is in regearingslieder dy't gjin steatshaad is. It wurd komt fan it Frânske premier ministre, dat "earste minister" betsjut, mei oare wurden: de minister dy't oan it haad fan it kabinet stiet. De plakferfanger fan in premier is in fise-premier. Yn Nederlân en it grutste part fan 'e wrâld wurde de termen 'premier' en 'minister-presidint' (letterlik: "foarsittend minister") as synonimen brûkt. Yn beskate lannen bestiet der lykwols ûnderskie tusken dy beide funksjes. Dêrby is de minister-presidint dan ornaris de lieder fan it nasjonale regear, wylst de premier oan it haad stiet fan it regear fan in dielsteat of provinsje.

Sa'n sitewaasje bestiet yn Kanada, Austraalje en Súd-Afrika. De regearingslieder fan bygelyks de provinsje Alberta of de steat Queenslân is dus in premier (premier), wylst de lieders fan 'e federale regearings fan Kanada en Austraalje oantsjut wurde as minister-presidint (prime minister). Yn Dútslân en Eastenryk bestiet in ferlykbere sitewaasje, wêrby't de regearingslieders fan 'e ûnderskate bûnslannen, lykas Noardrynlân-Westfalen of Tiroal, as premier betitele wurde, al sprekt men dêr foar de lieder fan it federale regear net fan minister-presidint, mar fan bûnskânselier.

Krekt oarsom is it yn Belgje, dêr't de lieders fan 'e gewesten en de mienskippen foar minister-presidint trochgeane en de lieder fan it federale regear foar premier. Yn Frankryk leit it spul wer oars. Dêr wurdt de term 'premier' (premier) brûkt foar it haad fan it nasjonale regear as der sprake is fan kohabitaasje, dat wol sizze, as de regearingslieder fan in oare politike partij is as de presidint. Wurde dy beide posten beklaaid troch lju fan deselde politike kleur, dan sprekt men foar de regearingslieder fan 'earste minister' (premier ministre).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Premier
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?