For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Pierre-Simon Laplace.

Pierre-Simon Laplace

Pierre-Simon Laplace

Pierre-Simon Laplace (Beaumont-en-Auge, 23 maart 1749Parys, 5 maart 1827) wie in Frânsk wiskundige en astronoom, waans wurk fan grutte betsjutting west hat foar de ûntwikkeling fan de wiskundige astronomy en de statistyk. Hy fette it wurk fan syn foargongers gear en wreide it fierder út nei syn fiifdielige Mécanique Céleste (Himelmeganika) (1799-1825). Dit baanbrekkende wurk ferfong de mear op mjitkunde basearre stúdzje fan de klassike meganika troch in mear analityske wiskundige basis, wêrtroch't in breder skala fan problemen bestudearre wurde koe. Yn de statistyk levere Laplace in wichtige bydrage oan de saneamde Bayesiaanske ynterpretaasje fan de wierskynlikheidsrekkening [1].

Yn de wiskunde formulearre hy de fergeliking fan Laplace en wie hy de útfiner fan de Laplace-transformaasje, dy't yn in soad dielgebieten binnen de wiskundige natuerkunde foarkomt en in soad praktyske tapassingen hat yn de sinjaalanalyze fan lineêre systemen. Laplace kin as ien fan de grûnlizzers fan de wiskundige natuerkunde sjoen wurde. De Laplaciaanske differinsjaaloperator, dy't in soad brûkt wurdt yn de tapaste wiskunde, is nei him neamd.

Hy werformulearre en ûntwikkele de sinnedizehypoteze oer de oarsprong fan it sinnestelsel en wie ien fan de earste wittenskippers dy't it bestean fan swarte gatten en it besef fan gravitasjonele ynstoarting oannommen.

Seker yn Frankryk, dêr't hy yn it ferline wol oantsjutten waard as in Frânske Newton of de Newton fan Frankryk, wurdt hy sjoen as ien fan de grutste wittenskippers fan alle tiden, mei in grutte natuerlike wiskundige jefte, grutter as syn tiidgenoaten. [2]

Yn 1806 waard Laplace troch Napoleon ta greve fan it Earste Frânske Keizerryk beneamd. Nei de Bourbon Restauraasje waard hy yn 1817 promovearre ta markys.

Yn 1816 waard Laplace keazen as lid fan de Académie française. Hy is ien fan de 72 Frânsken waans nammen op de Eiffeltoer oanjûn binne.

Laplace wie dwaande mei ûnder mear wierskynlikheidsrekkening, differinsjaalfergelikingen en de tapassing fan de wiskunde yn de astronomy en de natuerkunde.
Under syn wiskundige ûntdekkingen binne de Laplacetransformaasjes, de teory fan generearjende funksjes en it bewiis fan de Stelling fan De Moivre-Laplace yn de wierskynlikheidsrekkening. Laplace hat ek baanbrekkend wurk dien yn de 'hemelmeganika', dat hy publisearre hat yn Traité du Mécanique Céleste. Hy bewiisde de stabiliteit fan it sinnestelsel: de ferskate planeetbanen fertoane gjin ynstabiliteiten dy't ta ejeksje fan planeten út it sinnestelsel liede. Dit bewiis is lykwols net slutend blykt. Wyls is oantoand dat it sinnestelsel strikt nomd gaoatysk is en dat soksoarte útspraak net te bewizen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Stephen M. Stigler (1986), The history of statistics (De skiednis fan de statistyk). Harvard University Press. Haadstik 3.
  2. [Anon.] (1911) "_Marquis_De_Laplace Pierre Simon, Marquis de Laplace", Encyclopaedia Britannica

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Pierre-Simon Laplace
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?