For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Oseaan.

Oseaan

Ferhâlding lân-oseaan-iis
de oseanen

De oseaan (komt fan it Grykske Oceanus) hâldt yn in min ofte mear selsstannige wrâldsee tusken de kontininten yn , en kin meardere (lytsere) seeën befetsje.

De oseanen en seeën nimme om-ende-by 2/3 fan it oerflak fan de ierde yn, wylst it lân mar 1/3 bestrykt.

Sûnt de grinzen fan de Súdlike Oseaan fêstlein binne troch de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje yn 2004, wurde der fiif oseanen ûnderskieden (yn folchoarder fan grutte):

  • De Grutte of Stille Oseaan (eartiids Stille Súdsee neamd) (Ingelsk: Pacific Ocean) - Begrinze troch (mei wizers mei fan it noarden ôf) de Arktyske Oseaan, de westkust fan Noard- en Súd-Amearika, de Atlantyske, Súdlike en Yndyske Oseanen, de east- en noardeastkust fan Austraalje, de Yndonesyske arsjipel en de eastkust fan Aazje. Oerflakte: 155.557.000 fjouwerkante kilometer. De foarnaamste eilânnekloften yn de Grutte Oseaan binne Polyneezje, Melaneezje en Mikroneezje. By it eilân Guam leit de djipste trôch fan de wrâld; de Marianentrôch.
  • De Atlantyske Oseaan - Begrinze troch de Arktyske Oseaan, de west- en súdkust fan Jeropa, de noard- en westkust fan Afrika, de Yndyske, Súdlike en Grutte Oseanen en de eastkust fan Súd- en Noard-Amearika. Oerflakte: 76.762.000 fjouwerkante kilometer.
  • De Yndyske Oseaan - Begrinze troch de súdkust fan Aazje, de Yndonesyske arsjipel, de west- en súdkust fan Austraalje, de Grutte, Súdlike en Atlantyske Oseanen en de eastkust fan Afrika. Oerflakte: 68.556.000 fjouwerkante kilometer.
  • De Súdlike Oseaan - Oan de iene kant begrinze troch de kust fan Antarktika en oan de oare kant troch de Atlantyske, Yndyske en Grutte Oseanen. De grins mei dizze oseanen leit op 60° suderbreedte. Oerflakte: 20.327.000 fjouwerkante kilometer.
  • De Noardlike Iissee (ek Arktyske Oseaan neamd) - Begrinze troch de Atlantyske Oseaan, de noardkust fan Noard-Amearika, de Grutte Oseaan en de noardkust fan Aazje en Jeropa. Oerflakte: 14.056.000 fjouwerkante kilometer.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Oseaan
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?