For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Mustapha Oukbih.

Mustapha Oukbih

Mustapha Oukbih
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mustapha Oukbih
nasjonaliteit Marokkaansk
Nederlânsk
berne 20 jannewaris 1964
berteplak Rabat (Marokko)
stoarn 22 april 2017
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Marokkaansk-Arabysk
wurkpaad
wurksum as sjoernalist, ferslachjouwer
medium tillefyzje, radio
wurksum by VPRO, NOS
jierren aktyf 19822012
prizen ADO Mediapriis 1987
offisjele webside
Mustapha Oukbih op Twitter

Mustapha Oukbih (útspr. ['mustafa 'ukbi], likernôch: "stafa ûkby; Rabat, 20 jannewaris 1964Amsterdam, 22 april 2017) wie in Nederlânsk sjoernalist, ferslachjouwer en dokumintêremakker fan Marokkaansk komôf. Hy begûn as freelance-sjoernalist en wurke letter jierrenlang foar de VPRO. De measte bekendheid krige er as Midden-Easten-ferslachjouwer foar de NOS.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oukbih waard yn 1964 berne yn 'e Marokkaanske haadstêd Rabat. Yn 1975 kaam er mei njoggen jier mei syn mem oer nei Nederlân yn it ramt fan gesinsweriening mei syn heit, dy't hjir gastarbeider wie. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, begûn er te skriuwen foar it Buitenlanders Bulletin, sûnder in sjoernalistike oplieding folge te hawwen. Dat krantsje wie in útjefte fan it Nederlânsk Sintrum Bûtenlanners (NCB) en behannele ymmigraasjefraachstikken.

Yn 1985 en 1986 wie Oukbih belutsen by de gearstalling fan it tillefyzjeprogramma Hollandse Nieuwe, oer allochtoanen yn Nederlân, dat troch jonge ymmigranten sels makke waard. Neitiid wied er ferskate jierren wurksum as freelance-sjoernalist foar û.o. Trouw en De Groene Amsterdammer. Yn 1987 wûn Oukbih tegearre mei Elma Verhey de ADO Mediapriis foar in rige artikels oer de multikulturele maatskippij, dy't yn it tydskrift Vrij Nederland publisearre waard yn in taheakke mei as titel De Hollandse Droom.

Nei't er yn 1994 in skoft lang haad ynformaasje en foarljochting west hie fan it Nederlânsk Sintrum Bûtenlanners, besleat Oukbih om werom te kearen yn 'e sjoernalistyk, dêr't syn hert lei. Hy krige doe de gelegenheid om radioferslaggen te meitsjen oer Marokko, Algerije, Turkije en Jordaanje. Teffens wied er tsien jier lang ferbûn oan 'e VPRO, wêrfoar't er ek dokumintêres makke oer de Arabyske wrâld.

Yn 2003 kaam Oukbih yn 'e tsjinst by de NOS, en waard er ferslachjouwer yn it Midden-Easten foar it Radio 1 Journaal, as opfolger fan Joris Luyendijk. Syn stânplak wie Amman, yn Jordaanje, dêr't er it hiele Midden-Easten wei bestriek, Noard-Afrika oant en mei de Magreb ynbegrepen. Om't it Arabysk syn memmetaal wie, hied er dêrby fuortendaliks in foarsprong op 'e measte oare Westerske sjoernalisten, dy't dy taal net of amperoan machtich wiene. Oukbih lies de Arabyske kranten en folge op dy wize ek de Arabyske kant fan it pleatslike nijs. Fierders wied er ien fan 'e mar in pear Nederlânske korrespondinten dy't ferslach diene fan 'e Irakoarloch. Fan 2006 ôf wurke Oukbih nau gear mei Nicole le Fever, dy't ek Amman as stânplak hie, en mei Sander van Hoorn, dy't te Tel Aviv stie. Trijeresom foarmen se it buro Midden-Easten fan 'e NOS.

Nei sân jier yn Jordaanje wenne te hawwen, kearde Oukbih yn 2010 werom nei Nederlân. Hy waard bûtenlânredakteur by de nijsredaksje fan 'e NOS, mar moast dy funksje neitiid al rillegau opjaan doe't er oanhelle rekke mei kanker. Yn 2017 kaam Oukbih nei in lang siikbêd yn 'e âlderdom fan 53 jier yn Amsterdam te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Mustapha Oukbih
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?