For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Mohammad Hatta.

Mohammad Hatta

Mohammad Hatta
politikus
nasjonaliteit Yndonezysk
bertedatum 12 augustus 1902
berteplak Bukittinggi
stjerdatum 14 maart 1980
stjerplak Jakarta
Vice-presidint fan Yndoneezje
amtsperioade 1945-1956
opfolger Hamengkubuwono IX
Premier fan Yndoneezje
amtsperioade 1948-1950
foargonger Amir Sjarifoeddin
opfolger Soesanto Tirtoprodjo
Minister fan Definsje
amtsperioade 1948-1949
foargonger Amir Sjarifoeddin
opfolger Hamengkoeboewono IX
Minister fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade 1949-1950
foargonger Agus Salim
opfolger Mohamad Roem

Dr. Mohammad Hatta (berne as Muhammad Athar, ek Bung Hatta neamd, Bukittinggi 12 augustus 1902 - Jakarta 14 maart 1980) wie in Minangkabauwer en hat de earste fise-presidint west fan Republyk Yndoneezje. Hy hat ek in skoft premier west.

Mohammed Hatta gie nei de middelbere skoalle yn Batavia (it hjoeddeiske Jakarta) en studearre 1921 ôf yn Rotterdam oan de Hannelshegeskoalle (dat no de Erasmus Universiteit hiet). Hy soe 11 jaar yn Nederlân ferbliuwe. Hy sleat him oan by de "Indische Vereeniging", dêr't de namme fan yn 1922 feroare waard nei "Indonesische Vereeniging" - de earste kear dat de namme Yndoneezje brûke wurde soe as symboal foar in nije naasje. Uteinlik soe de namme feroare wurde yn de lânseigene taal it Yndonezysk Perhimpunan Indonesia. Hatta wie ponghâlder (1922—1925) en letter foarsitter.

Yn 1927 sleat hy him oan by de Liga Menentang Imperialisime dan Kolonialisme ("Liga tsjin Imperialisme en Kolonialisme") yn Nederlân. Hjir rekke hy befreone mei de Yndiaaske nasjonalist Jawaharlal Nehru. Troch syn aktiviteiten binnen de beweging waard hy al gau in fertocht persoan by de Nederlânske oerheid en oppakt.

Hatta soe yn 1932 werom gean nei Yndoneezje en sleat him oan by de Club Pendidikan Nasional Indonesia ("Yndonezyske Klup foar Nasjonale Opfieding") dy't harren ta doel stelle it politike bewustwêzen fan it folk te ferheegje middels treningen. Yn febrewaris 1934 waard Hatta troch de Nederlânske oerheid finzen setten, tegearre mei Soetan Sjahrir, dy't foarsitter wie fan de neamde klup. Hatta soe seis jierren troch bringe yn kampen.

Op 17 augustus 1945 waard de ûnôfhinklikheid fan Yndoneezje útroppen. Hatta en Soekarno ûndertekene de proklaasje dêr't de Republyk Indonesia útroppen waard. Hatta soe de fisepresidint wurde fan de republyk dêr't Soekarno de earste presidint fan waard.

Op 20 desimber 1949 neamde Soekarno Hatta as premier fan de Feriene Steaten fan Yndoneezje. Fuort nei de beëdiging reizge Hatta nei Amsterdam, dêr't hy de nije republyk fertsjintwurdige by de soevereiniteitsoerdracht yn it Paleis op de Dam. De Feriene Steaten fan Yndoneezje hawwe net lang bestean. Al yn augustus 1950 makke Soekarno in ein oan de repyblyk. .

Yn 1955 waarden de earste frije ferkiezings fan Yndoneezje hâlden. Hatta waard op 'e nij premier, mar soe it jier dêrop folgjend ôftrêde. Hy soe him tebek lutsen út it iepenbiere libben.

Mohammed Hatta ferstoar yn 1980 en waard te hôf brocht yn Tanah Kusir, Jakarta.

Hatta syn namme is, tegearre mei dy fan Soekarno, jûn oan de lofthaven fan: Soekarno-Hatta International Airport (Bandara Soekarno-Hatta).

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Mohammad Hatta
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?