For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Mieke van der Weij.

Mieke van der Weij

Mieke van der Weij
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Mieke van der Weij in 1992
Mieke van der Weij in 1992
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 augustus 1953
berteplak Rotterdam
wurkpaad
wurksum as Radio- en telefyzjepresintatrise, en berneboekeskriuwster.
medium Radio, telefyzje
jierren aktyf 1989 - no
prizen Sulveren Reissmikrofoan
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Maria Idske (Mieke) van der Weij (Rotterdam, 2 augustus 1953) is in Nederlânske radio- en telefyzjepresintatrise en berneboekeskriuwster.

Mieke van der Weij groeide op yn Genderen (Noard-Brabân), dêr't har heit haad fan de Skoalle mei de Bibel wie en har mem ûnderwizeres. Se trochrûn gymnasium alfa oan it Gymnasium Camphusianum yn Gorkum en studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr't se yn 1982 ôfstudearre mei in skripsje oer letmidsiuwske folksliteratuer. [1][2]

Van der Weij har sjoernalistike karriêre begûn by de krante Het Parool. Dêrnei wurke se by de AVRO-radio, de VPRO en de Humanistische Omroepstichting (HOS). Sûnt 26 oktober 1996 presintearret se de TROS Nieuwsshow, tegearre mei Peter de Bie, sûnt 2018 Nieuwsweekend fan Omrop MAX. [3] Se is ek ien fan de presintatoaren fan Met het Oog op Morgen op Radio 1 en fan Opium op 4 op Radio 4.

Foar de telefyzje presintearre sy by AT 5 yn Amsterdam, fierder by de NPS (Kunstmest) en de NCRV (Andere Ogen, Nationale Nieuwsquiz). Fan oktober 2005 ôf presintearre se it NCRV-programma Keurmeesters. Yn maaie 2006 fierde se har tsienjierrich jubileum as presintatrise fan De Rijdende Rechter. Yn july 2007 makke de NCRV buorkundich har yn dy rol te ferfangen troch Jetske van den Elsen. Se hat ek de Nasjonale Bibeltest presintearre. Van der Weij hat in rubryk yn de NCRV-gids.

Van der Weij fynt it spitich dat se yn it 'lichte sjenre' telâne kommen is. Se soe graach oan sjoernalistyk-ynhâldlike telefyzjeprogramma's meiwurke hawwe, mar seach yn dat se dêr net oan fêsthâlde moast doe't it net slagge. [4]

Tegearre mei har suster Joke van der Weij skreau Mieke van der Weij (ûnder de namme Mieke van der Wey) twa berneboeken: De kattenbende van Beestenvreugd (1992) en Turias en de dansende beer (1995).

Van der Weij is in grut bewûnderer fan de skriuwer Louis Couperus. [5]

Op 28 april 2004 troude Van der Weij mei Sijbolt Noorda, de doetiidske foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Universiteit fan Amsterdam. Beide hawwe in grifformearde eftergrûn.

Yn 2019 waard de Sulveren Reissmikrofoan oan har takend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mieke van der Weij - Veelzijdig, relativerend en kritisch (met CV) troch Bea Kastrop, NCRV-gids, 1 oktober 2005
  2. Mieke van der Weij troch Koert van der Velde, Trouw, 31 desimber 2001
  3. Omroep MAX-show Van der Weij en De Bie heet 'Nieuwsweekend', Nu.nl, 2 jannewaris 2018 22:11 (update 3 jannewaris 2018 06:57).
  4. 'Je leert je plek wel kennen', de Volkskrant, 1 oktober 2005
  5. Couperusfan Mieke van der Weij, Ellen Leijser, NCRV-gids, 3 maaie 2008
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Mieke van der Weij
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?