For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Masoretyske Tekst.

Masoretyske Tekst

In side út 'e Aleppokodeks, mei wiidweidige oantekenings yn 'e marzje.

De Masoretyske Tekst (gauris ôfkoarte ta MT of 𝕸), is de gesachhawwende Hebriuwske tekst fan 'e Tenach, de joadske Bibel. De Masoretyske Tekst bepaalt net allinne de kanon fan 'e Tenach, mar ek de krekte tekst, op in letter-foar-letterbasis, mei de fokalisaasje en it gebrûk fan diakrityske tekens ynbegrepen.

De Masoretyske Tekst is benammentlik kopiëarre, redigearre en ferspraat troch in groep joadske skriftlearden dy't bekendsteane as de Masoreten, en dy't wurksum wiene fan 'e sânde oant de tsiende iuw. It âldste noch besteande, sij it ûnfolslein oerlevere manuskript fan 'e Masoretyske Tekst is de saneamde Aleppokodeks, út 'e tsiende iuw. It Hebriuwske wurdt mesorah (מסורה of מסורת) ferwiist nei it oerleverjen fan in mûnlinge tradysje, mar yn it ferbân fan 'e Masoretyske Tekst wurde der de diakrityske tekens mei bedoeld, wêrmei't de Masoreten foar it earst sekuer dúdlik makke hawwe hoe't de taal fan 'e Hebriuwske Bibel (dy't ommers skreaun is yn it Hebriuwske alfabet, dat gjin fokalen werjout) persiis útsprutsen wurde moat.

De Masoretyske Tekst wurdt rûnom brûkt as de basis foar oersettings fan it kristlike Alde Testamint yn protestantske bibels, en sûnt 1943 ek foar guon roomske bibels, hoewol't de eastersk-otterdokse tsjerken foar dat doel fêsthâlde oan it gebrûk fan 'e Septuaginta, mei't hja dy as godlik ynspirearre beskôgje. Nei't yn 'e fyftiger jierren de Deade-Seerôlen ûntdutsen waarden, hat bliken dien dat de Masoretyske Tekst op guon plakken frijwol identyk is oan 'e Tenach fan 200 f.Kr., mar dat er op oare plakken gâns ôfwykt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Works cited, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Masoretyske Tekst
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?