For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Ljochtsabel.

Ljochtsabel

In ljochtsabel.

In ljochtsabel (Ingelsk: lightsaber), soms ek wol oantsjut as in laserswurd (Ingelsk: laser sword) is in fiktyf wapen op basis fan enerzjy, dat bekend wurden is út 'e Star Wars-franchise. It waard nei de yntroduksje yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977, wrâldferneamd. In normale ljochtsabel wurdt ôfbylde as in opljochtsjend limmet yn 'e foarm fan in laserstriel mei in lingte fan likernôch 90 sm, dat fuortkomt út in rjocht, silinderfoarmich, metalen hêft fan likernôch 27 sm lingte. It limmet fan 'e ljochtsabel kin útskeakele wurde mei in knop op it hêft. Yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy waard it karakteristike uterlik fan 'e ljochtsabels berikt troch de bewurklike animaasjetechnyk rotoscoping. Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy en de Star Wars-ferfolchtrilogy waarden ljochtsabels werjûn troch digitale effekten.

Ljochtsabels wurde yn 'e Star Wars-franchise brûkt om mei te fjochtsjen as wiene it swurden, troch dermei te houwen en te stekken. As libbene wêzens dermei rekke wurde, smyt it wûnen op dy't fuortendaliks tichtskroeid wurde. De laserstriel fan 'e ljochtsabel kin ôfwarre wurde mei in oare ljochtsabel of troch in enerzjyfjild, mar snijt fierders troch alles hinne. It wapen wurdt dêrom ek wol brûkt as in stik ark, bgl. om ôfsletten doarren te iepenjen, slotten te ferranen en sa ûnbrûkber te meitsjen en metaal te laskjen. Ljochtsabels kinne troch immen dy't der feardich genôch mei is, ek brûkt wurde om projektilen ôf te warjen fan oarsoartige wapen, lykas ploffers.

Yn it universum fan Star Wars is de ljochtsabel it wapen dêr't men Jedi-ridders en harren learlingen oan weromken, dy't teffens gebrûk meitsje fan 'e ljochte, goede kant fan de Krêft, in mystike enerzjy. De folle minder foarkommende Sith, de oerâlde aartsfijannen fan 'e Jedi, dy't gebrûk meitsje fan 'e tsjustere, kweadaardige kant fan 'e Krêft, brûke ek ljochtsabels. Ferskillende ljochtsabels hawwe faak ferskillende kleuren limmets. De Jedi meitsje oer it algemien gebrûk fan blauwe, griene of giele ljochtsabels, wylst de Sith, om harsels fan 'e Jedi te ûnderskieden, altyd in reade ljochtsabel hawwe. De kleur fan it limmet wurdt feroarsake troch de enerzjyboarne, it saneamde 'kyberkristal', dat yn it hêft ynboud sit, mar yn beheinde mjitte kin it ek beynfloede wurde troch de emoasjes en tinzen fan 'e brûker.

Los fan 'e 'normale' ljochtsabel binne der ferskate ôfwikende ûntwerpen fan it wapen, lykas de dûbelsidige ljochtsabel, wêrby't twa hêften oaninoar skroeve binne, sadat út beide úteinen wei in ljochtsabel ferskynt as it wapen oanset wurdt. Sa'n ljochtsabel waard troch de Sith Darth Maul brûkt yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. It personaazje Kylo Ren, út 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, hie in ljochtsabel mei parearstangen. Fierders is der dan noch de saneamde 'Dûnkersabel' (Ingelsk: Darksaber), ien spesifyk wapen ferbûn oan it hartochskip oer de planeet Mandalore, dat brûkt wurdt troch Mandalorianen dy't gjin talint hawwe foar it brûken fan 'e Krêft, lykas Bo-Katan Kryze en Din Djarin.

Troch de populariteit fan 'e Star Wars-franchise binne der by wize fan merchandising boartersguodljochtsabels foar bern op 'e merk brocht. Dêrby bestiet it limmet út ûnskealik plestik en kin it net ynlutsen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Ljochtsabel
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?