For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Kouklia.

Kouklia

Kouklia
Κούκλια
Hillichdom fan Afrodite
Hillichdom fan Afrodite
Polityk
Lân Syprus
Distrikt Pafos
Sifers
Ynwennertal 1211 (2021)
Oerflak 43,2662 km²
Hichte 45 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 41' N 32° 35' E
Offisjele webside
www.kouklia.org.cy
Kaart
Kouklia (Syprus)
Kouklia

Kouklia (Gryksk: Κούκλια, Turksk: Kukla) is in doarp yn it Syprioatyske distrikt Pafos, likernôch 16 km east fan 'e stêd Pafos. Fanwegen it religieuze belang en de arsjitektuer stiet Kouklia mei Kato Pafos sûnt 1980 op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

It doarp ûntstie by Palaepafos (Gryksk: Παλαίπαφος) (Ald-Pafos), it mytyske berteplak fan Afrodite, de Grykske goadinne fan 'e leafde en skjintme. Sûnt 1200 f.Kr. wie Palaepafos in wichtich religieus sintrum dat net allinne yn Syprus bekend wie, mar yn it hiele Middellânske Seegebiet. Pafos wie in keninkryk en de stêd wie de haadstêd dêrfan.

Opgravingen yn it doarp ha it hillichdom fan Afrodite, de ruïnes fan Palaepafos en in soad grêven bleatlein. Yn it doarpsmuseum wurde ferskillende fynsten bewarre en útstald.

De lêste kening fan Palaepafos, Nococles, ferhûze syn haadstêd tsjin 'e ein fan 'e 4e iuw f.Kr. nei it nij stifte Nea Pafos, sa'n 16 km west. De âlde stêd bleau lykwols belangryk fanwegen de timpel fan Afrodite. Net fier fan it doarp stekt de Petra tou Romiou (Rots fan Afrodikte), út de see. Neffens de leginde is dat it plak dêr't Afrodite út it skûm fan 'e weagen berne waard.

Yn 'e midsiuwen wie it plak belangryk mei't de Lusignans dêr sûker produsearren en in sûkermûne hiene.

Oant de Turkske ynvaazje fan 1974 wie Kouklia in mingd doarp. By de ûnôfhinklikens fan Syprus telde it doarp 622 Gryksk-Syprioaten en en 419 Turksk-Syprioaten. Sûnt 1974 wurdt it doarp allinne noch bewenne troch Gryksk-Syprioaten.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Petra tou romiou.
  • Panagia Katholiki, in Byzantynske tsjerke út de 12e iuw.
  • Op 'e Marcello-heuvel waard sûnt de jierren 1950 in grutte, 52 m lange ferdigeningsmuorre opgroeven. De heuvel wie eartiids as in aparte akropolis yn it âlde Pafos ommuorre.
  • Fan it eardere hillichdom foar Afrodite is net in soad bewarre bleaun. Grutte dielen fan it gebou binne yn dielen fan oare gebouwen werbrûkt. Ut de brûnzen tiid datearje de grutte blokken kalkstien, dy't it Temenos omklammen. Nei de ierdskodding fan it jier 77 n.Kr. moast it hillichdom yn 'e 1e en 2e iuw yn it noarden fan it âlde diel fan Kouklia wer opboud wurde. Dat Romeinske kompleks bestie út twa hallen mei pylders, dy't tegearre mei noch twa oare bouwurken in grutte binnenhôf omfiemen.
  • It kastiel fan 'e Lusignans is noch yn dielen Frankysk fan oarsprong en dêr is no in museum mei keramyk, byulden en ynskriften út de 15e iuw f.Kr. oant de midsiuwen te sjen. Dêrûnder is ek de Afrodite-stien.
  • Fan 'e midsiuwske sûkermûne binne ruïnes bewarre.
  • De rots Petra tou Romiou is it plak dêr't Afrodite neffens de myte út de weagen berne waard.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kouklia fan Wikimedia Commons.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Kouklia
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?