For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Keningspalts.

Keningspalts

Keizerpalts yn Goslar
Ympresje fan de Keningspalts yn Aken
Keizerpalts yn Paderborn

In keningspalts of keizerpalts is in tydlik keninklik ferbliuwplak yn in gehiel fan residinsjes dat as in netwurk oer it gânse Frankyske Ryk en lettere it Hillige Roomske Ryk ferspraat lei. It wurd Palts is ôflaat fan it Latynske wurd palatium, dat paleis betsjut.

Yn de Iere Midsiuwen hiene de Merovingyske keningen gjin fêst ferbliuwplak, mar hja reizgen it lân troch fan palts nei palts. Dat wie nedich om it kontakt mei de pleatslike bestjoerders te hâlden. Dêr waarden bestjoerssaken, dy't de streek oanbelange, besprutsen en der waard ek rjocht sprutsen oer de gruttere misdiedigers. Troch de grutte ôfstannen, de minne ferbinings en de beheinde ferfiersmiddels makke dat rûnreizgjen fan de foarst ûnûntkomber en ûnmooglik regearje fanút in sintrale residinsje. Doe't it ryk fan Karel de Grutte hieltyd grutter waard, waard it probleem knipend. It barde wol gauris dat der rebûlje útbruts yn in gebiet nei't Karel ferfear nei in oar gebiet, sa as bygelyks yn 788 by de Saksen. Karel hie dêrom in tal residinsjes. Hy wie it leafst yn Aken, om't dêr in natuerlike boarne wie.
Fan it midden fan de tolfde iuw ôf begûnen de Frânske keningen te stribjen nei in sintrale steat, dêr't it erflik keningskip it mulpunt foarme. Sa ûntstie stadichoan in ûnferbrekbere naasje, organisearre om de haadstêd Parys hinne. Doe wie it net mear needsaak foar de foarst en reizgje it lân rûn. Hy die dat dan allinnich noch mar út wille. Harren foarkar wie benammen it gebiet om de Loire hinne, dêr't doe in gâns kastielegea ûntstien wie.
Yn it Hillige Roomske Ryk wie dat oars. Oant syn opheffing yn 1806 wie it in los-fêste federaasje fan foarstendommen yn gearwurkingsferbân, mar gjin sintrale steat. De kening of keizer tsjinne allinnich it Ryksbelang en bemuoide him net mei de ynterne saken fan de gearstallende foarstendommen. De kening waard keazen ûnder de foarsten fan it Ryk. Om nimmen in foardiel te jaan hie it Roomsk-Dútske Ryk gjin haadstêd. It sintrum wie hieltyd dêr't de kening ferbleau. Hy ferfear fan residinsje nei residinsje, dus dêrom wie it nedich de Paltsen oan te hâlden.

In reizgjend hôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferbliuwen mei in gânse hôfhôlding fan inkelde hûnderten persoanen, riedsgearkomsten en grutte rjochtsitten organisearje, wie in gâns netwurk needsaaklik. In palts mei in grutte kloft personiel wie in wiidweidich kompleks mei op syn minst in wente foar eltsenien, in tsjerke en in grutte pleats. Se wiene benammen yn de omkriten fan biskopssitten, grutte abdijen en ynearsten ek op it plak fan âlde Romeinske stêden of se foarmen it sintrum fan in lânlik kroanbesit of keningsguod.
Der wie gjin fêst reisskema. Hja giene wannear't de kening it nedich fûn. Wichtich wiene de winterpaltsen, dêr't de kening de kâlde winterdagen trochbrocht en de feestpaltsen, dêr't grutte religieuze feesten sa as bygelyks de peaskefiering fierd waarden.

Wichtige paltsen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Binding, Günther: Deutsche Königspfalzen, Von Karl dem Großen bis Friedrich II (765-1240), Darmstadt, 1996.
  • Annales Bertiniani anno 851: "Hlotharius, Ludovicus, & Carolus apud Marsnam palatium conveniunt.", Richer fan Reims, Historiae I 34: finem vite apud Marsnam palatium accepti. A. Diem, Een verstoorder van de ordo: Gottschalk van Orbais en zijn leer van de dubbele predestinatie, in M. de Jong - M.-T. Bos - Carine van Rhijn (edd.), Macht en gezag in de negende eeuw, Hilversum, 1995, side 130.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Keningspalts
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?