For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Eardske.

Eardske

In eardske, ierdman, ierdmantsje of eardman is yn it folksleauwe fan Fryslân en de rest fan 'e Lege Lannen in type mytysk wêzen dêr't it bestean sûnt de Midsiuwen yn folksferhalen fan oerlevere is. Sokke wêzens komme sterk oerien mei de goblins út 'e folkloare fan 'e Britske Eilannen en de kolbolden út it Dútske taalgebiet.

Eardsken soene tahâlde yn hoalen yn 'e grûn; dêrfandinne harren namme. Ornaris binne eardsken meunsterlike wêzens, hoewol't se beskreaun wurde mei ferskate en faak tsjinstelde lichemsskaaimerken en karaktertrekken. Lykwols binne se hast altyd lytser fan stal as minsken, grotesk fan uterlik, en fan karakter ûndogensk of planút kweadaardich. Ek binne se hast altyd ynklauwerich, benammen as it om goud of juwiellen giet. Fierders besitte se gauris it fermogen om betsjoenings op te lizzen.

Neffens guon Fryske folksferhalen soene eardsken ûnder de hurdkûle libje en klaaid wêze yn in soldatepak. Dêrom waarden se foarhinne ek wol 'soldaatsjes' neamd. Minsken mei boppenatuerlike jeften koene de eardske út de hoale roppe. De eardsken wisten fan ferburgen skatten, en nachtlike aktivens op 'e pleats waard oan harren taskreaun.

Eardsken wennen ek yn 'e bosk fan Aldemardum en yn in stik lân by Skerpenseel. De lokalisaasje fan eardsken yn Sint-Nyk wie net neffens de Fryske tradysje, mar kaam ynstee fuort út in koart ferhaal dat yn 1879 skreaun waard troch Lútsen Wagenaar.

Ierdmanspypke en ierdmanspot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it ploeien of by it ôfbrekken fan âlde huzen wurde faak koarte tsjûke liemen pypkes fûn. Foarhinne waard sein dat de eardsken dêrút smookt hiene. Fierders tsjutte men yn it ferline ek wol diggelguod, dat út 'e grûn kaam, oan as 'ierdmanspot'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland, Ljouwert, 1953, Aardmannetje.
  • Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Eardske
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?