For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Hot Country Songs.

Hot Country Songs

Hot Country Songs is de wichtichste Amerikaanske hitlist foar singles fan countrymuzyk. De list wurdt sûnt 1958 ienris yn 'e wike publisearre troch it tydskrift Billboard. Hy wurdt gearstald op basis fan ferkeapsifers (fysyk en digitaal), airplay (hoe faak oft in nûmer op 'e radio draaid wurdt), en hoe faak oft it yn 'e Feriene Steaten online streamd wurdt. It liet dat it langste op nû. 1 yn 'e Hot Country Songs stien hat, is Meant to Be fan Bebe Rexha en Florida Georgia Line, dat dat plak yn 2018 50 wiken lang fêsthold.

Foarôfgeande oan it ûntstean fan 'e moderne countryhitlist hold Billboard fan 1944 oant juny 1957 ferskate hitlisten by op basis fan hoe faak oft nûmers yn jukeboxes draaid waarden. De nije hitlist op basis fan ferkeapsifers waard mei yngong fan 'e Billboard-edysje fan 20 oktober 1958 ynfierd, en hiet yn 't earstoan Hot C&W Sides (C&W fan country & western en sides, "kanten", nei de A- en B-kant fan in 45-toereplaat). Yn oktober 1962 waard Hot C&W Sides omneamd ta Hot Country Singles, yn febrewaris 1990 ta Hot Country Singles & Tracks en yn april 2005 ta Hot Country Songs. Fierders waard de hitlist yn jannewaris 1990 ynkoarte fan 100 plakken nei 75. In fierdere ynkoarting nei 60 plakken folge yn jannewaris 2001. Tsjintwurdich telt de list noch mar 50 plakken.

Yn 'e Hot Country Songs-hitlist wurde inkeld countrylieten opnommen, mar Billboard hat nea alhiel iepenheid fan saken jûn oer wat neffens harren no krekt in countryliet is en wat net. It tydskrift hâldt út dat it mar in pear kritearia hantearret, yn it foarste plak de "muzikale komposysje", en dat in liet "genôch eleminten fan 'e hjoeddeistige countrymuzyk befetsje moat" om foar in countryliet trochgean te kinnen. De dizenige kritearia laten yn 2019 ta kontroverse doe't it countryrapnûmer Old Town Road, fan Lil Nas X, earst yn 'e Hot Country Songs opnommen waard en trochkrong oant nû. 19, foar't Billboard it liet út 'e hitlist ferwidere om't it "gjin country" wêze soe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Hot Country Songs
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?