For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Heilbronn.

Heilbronn

Heilbronn
Emblemen
               
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Stuttgart
Stedsyndieling 9 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 128.334 (2022)
Oerflak 99,9 km²
Befolkingsticht. 1.285 ynw./km²
Hichte 157 m
Oar
Postkoade 74072-74081
Koördinaten 49° 8' N 9° 13' E
Offisjele webside
heilbronn.de
Kaart
Heilbronn (Baden-Wuertemberch)
Heilbronn

Heilbronn is in stêd (en gemeente) yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd leit oan 'e rivier de Neckar, sa'n 50 kilometer benoarden Stuttgart. Heilbronn is sûnt it jier 1970 in Dútske Großstadt.

Heilbronn hat de bynamme Käthchenstadt, nei it toanielstik Das Käthchen von Heilbronn fan Heinrich von Kleist.

De stêd yn 1643 (Matthaeus Merian).

Op 28 desimber 1371 waard Heilbronn mei in wet fan keizer Karel IV in ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk. De hechte relaasje mei de keizer en de alliânsje mei de karfoast fan 'e Palts fan 1417 oant 1622 konsolidearren de posysje foar Wuertemberch oer.

Yn 'e 19e iuw ûntjoech Heilbronn him ta de wichtichste yndustrystêd fan it keninkryk Wuertemberch. Carl Heinrich Theodor Knorr stichte yn 1838 de speserijedrûgerij yn Heilbronn, dy't fuortlibbet yn Unilevers merk, Knorr. Ek FrieslandCampina Germany, in dochter fan FrieslandCampina, hat syn sit yn Heilbronn.

Fan 1923 oant de machtsgreep fan Hitler hie de NSDAP as politike macht yn Heilbronn gjin betsjutting. Op 10 novimber 1938 waard de synagoge fan Heilbronn yn 'e brân stutsen en ferneatige en yn 'e rin fan 1939 kaam der in ein oan 'e tradysjerike, joadske mienskip fan Heilbronn.

De stêd wie al betiid ien fan 'e stêden dêr't de reformaasje oannommen waard. De preker yn 'e Kiliaantsjerke Johann Lachmann skreau de Heilbronner katechismus, ien fan 'e earste protestantske katechismen. De earste protestantske boargemaster fan 'e stêd naam mei seis protestantske foarsten en fjirtjin oare ryksstêden diel oan it protest op 19 april 1529 op 'e Ryksdei yn Spiers tsjin it bûten wurking stellen fan 'e bepalingen fan 'e eardere Ryksdei yn Spiers fan 1526. Yn 'e rin fan 'e 16e iuw brocht de ekonomyske stabiliteit fan 'e stêd mear bloei. Yn dy tiid hie Heilbronn sa'n 4.000 ynwenners. In soad histoaryske gebouwen geane op dat tiidrek werom, lykas de westlike toer fan 'e Kiliaantsjerke, it Fleischhaus en it riedshûs.

Heilbron yn 1945.

Yn septimber 1944 rjochte de SS yn it stedsdiel Neckargartach it Konsintraasjekamp Neckargartach op, in bûtenkamp fan Natzweiler-Struthof, dêr't tydlik mear as 1000 finzenen finzen sieten, dy't yn 'e wapenyndustry en op oare plakken foar twangarbeid ynset waarden. Op it tsjerkhôf oan 'e Böllinger Straße lizze 246 finzenen begroeven.

Heilbronn wie yn 1939 mei 72.000 ynwenners nei Stuttgart de op ien nei grutste stêd yn Wuertemberch. Sûnt desimber 1940 hie de stêd ferskillende kearen lêst fan alliearde bombardeminten. In Britsk loftbombardemint op 4 desimber 1944 hie fan gefolgen dat de binnenstêd folslein ferwoastge waard. Ek kamen mear as 6.500 minksen om it libben. Doe't de Amerikaanske troepen op 12 april 1945 de stêd besetten, hie Heilbronn noch mar 46.350 ynwenners.

Nei Offenbach am Main en Pforzheim is Heilbronn yn Dútslân de stêd mei it heechste oandiel migranten fan 'e befolking. Yn 1999 lei it oandiel fan bûtenlanners op 20,5%. Yn 2016 bedroech it oandiel fan persoanen mei in migraasje-eftergrûn (dêrta wurdt immen yn Dútslân rekkene as dy sels of teminsten ien fan beide âlders sûnder Dútsk paspoarte berne is) 52% fan de totale befolking, wylst dat oandiel yn 2006 noch 45% wie. Foar bern en jongerein leit dat sifer noch heger en hat 63% in migraasjeeftergrûn.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Gemeentekaart
Heilbronn
Biberach
Böckingen
Frankenbach
Horkheim
Kirchhausen
Klingenberg
Neckargartach
Sontheim

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarneamste, fannijs boude histoaryske gebouwen lizze oan it Merkplein (Marktplatz): de Kilianustsjerke, it Riedshûs en it Käthchenhaus. De protestantske Kilianuskerk is in goatyske halletsjerke, wêrfan't de westtoer út 1529 fan grut keunsthistoarysk belang is: hy jildt as it earste gruttere renêssânsebouwurk benoarden de Alpen. It riedhûs, dêr't allinne de bûtenkant fan restaurearre is, is ek in renêssânsegebou (1582) en hat in astronomysk oerwurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Heilbronn, ferzje 26 maaie 2024.


Baden-Wuertemberch Flagge fan Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

· · Berjocht bewurkje
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Heilbronn
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?