For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Gutenbergbibel.

Gutenbergbibel

De 42-rigelige bibel fan Gutenberg, it earste printe boek (1454)
De earste side fan de Gutenberg-bibel

De Gutenbergbibel is in troch Johannes Gutenberg tusken 1452 en 1455 yn Mainz printe bibel. Dizze wichtichste ynkunabel befettet de Latynske tekst fan de fulgaat. It is it earste boek dat ta stân kaam mei help fan de troch Gutenberg stal jûne boekdrukkeunst. De folsleine Gutenbergbibel hat 1282 siden, meast yn twa bannen bûn. De bibel stiet ek bekend as de 42-rigelige bibel.

De measte fan de nei alle gedachten 180 eksimplaren fan de Gutenbergbibel waarden op papier printe en mar tritich op it weardefollere perkamint. Ferspraat oer de wrâld binne noch 49 eksimplaren fan de bibel bekend. Der is mar ien fan dy eksimplaren yn in bibleteek yn de Benelúks oanwêzich, yn de Universiteitsbibleteek fan Bergen. It is in papieren eksimplaar, hoewol’t de Universiteit fan Bergen ek in inkelde side út de ferzje yn perkamint hat. Fan de eksimplaren op perkamint binne fjouwer folslein bewarre bleaun. Ien dêrfan is yn de Nedersaksyske Steats- en Universiteitsbibleteek fan Göttingen en stiet sûnt 2001 op de Wrâlderfguodlist foar Dokuminten fan de UNESCO.

It Plantin-Moretusmuseum yn Antwerpen hat in eksimplaar fan de as 36-rigelige Gutenbergbibel bekendsteande twadde útjefte fan de Hillige Skrift, dy’t nei’t oannommen wurdt ek troch Gutenberg printe is yn 1458-1460. Dy is folle seldsumer as de 42-rigelige bibel, der binne mar 13 eksimplaren fan bekend.

De bibels yn it Gutenberg-Museum yn Mainz binne te besjen, krekt as it eksimplaar fan de Gutenberg-bibel yn de bibleteek fan it Bodmer-Ynstitút: Foundation Martin Bodmer yn Genéve. Ea wie dy bibel yn it besit fan de Romanovs, de Russyske Tsarefamylje. It kommunistysk bewâld ferkocht yn 1931 twa dielen oan Maggs Brothers yn Londen, en sa koe Martin Bodmer, de earste direkteur fan it Reade Krús, úteinlik dy seldsumheid krije foar syn samling bysûndere earste printings. De dielen binne bûn yn in 19e-iuwske bân, der ûntbrekt mar ién side.

Foar it midsiuwe-seizoen fan de Britske stjoerder BBC Four makke Stephen Fry in dokumintêre oer de skiednis fan de Gutenbergbibel en de troch Gutenberg stal jûne drukparse. Dêryn waard in side fan de bibel reprodusearre mei it brûken fan âlde techniken en in neiboude Gutenberg-drukparse.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De documentêre Stephen Fry and the Gutenberg Press waard foar it earst útstjoerd op 14 april 2008 (BBC Four). Sjoch BBC Four oer Stephen Fry and the Gutenberg Press
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Gutenbergbibel
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?