For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Gielbealchmarmot.

Gielbealchmarmot

gielbealchmarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota flaviventris
Audubon & Bachman, 1841
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gielbealchmarmot (Latynske namme: Marmota flaviventris) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn it westen fan Noard-Amearika. Yn syn ferspriedingsgebiet stiet dizze soarte ek wol bekend as de rock chuck. De gielbealchmarmot waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1841, troch de biologen John James Audubon en John Bachman, en is it naust besibbe oan 'e Olympyske marmot, de grize marmot en de slim yn syn fuortbestean bedrige Vancouvereilânmarmot.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gielbealchmarmotten komme foar yn hast de hiele westlike Feriene Steaten en súdwestlik Kanada, fan 'e Rocky Mountains oant de kust fan 'e Stille Oseaan. Se libje yn berchtmen lykas de Rocky Mountains en de Sierra Nevada, mar ek yn steppe-eftich gebiet, op berchgreiden, rotsskeanten en yn oare iepen biotopen. Soms binne se ek wol te finen oan 'e râne fan leaf- of nullewâlden. Se jouwe de foarkar oan hichten fan boppe de 2.000 m.

In gielbealchmarmot.
In wyfke mei in drinkend jong.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielbealchmarmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 34-50 sm, mei in sturtlingte fan 13-22 sm en in gewicht fan 1⅔-4 kg (♀) of 3-5 kg (♂). De mantsjes binne in stik swierder, mar net folle grutter as de wyfkes. It gewicht fariëarret mei de seizoenen; geandewei de simmer bouwe se in fetreserve op foar de wintersliep, sadat se tsjin 'e hjerst it swierst binne. De pels is brún, mei in wyt plak op 'e snút tusken de eagen yn, en in giele bealch, dy't har har namme besoarge hat. De earen binne lyts en rûnich, en de noas is swart.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gielbealchmarmotten binne oerdeis aktyf, en bringe in grut diel fan 'e tiid troch mei sinnebaaien en foerazjearjen. It binne omnivoaren, dy't gerzen, sieden, blêden, blommen, fruchten, ynsekten (benammen sprinkhoannen) en fûgelaaien frette. Se grave ûndergrûnske hoalen dy't se yn famyljegroepen fan 10-20 eksimplaren bewenje, en dêr't se in grut part fan 'e tiid yn trochbringe. De nêsthoalen dêr't se fan septimber oant maaie har wintersliep yn hâlde, kinne wol 7 m djip wêze. Har territoarium beslacht sa'n 2-3 ha.

De peartiid folget daliks nei de ein fan 'e wintersliep. Mantsjes hawwe gauris in harem fan 2 of 3 wyfkes, dy't oan it begjin fan 'e simmer in nêst fan 3-5 jongen smite. De helte dêrfan oerlibbet it earste jier net. De jongen berikke mei twa jier geslachtsripens. Gielbealchmarmotten kinne 15 jier âld wurde. Har natuerlike fijannen binne de wolf, ferskate soarten foksen, de prêrjewolf en de keningsearn.

De gielbealchmarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Gielbealchmarmot
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?