For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Geiteftigen.

Geiteftigen

Geiteftigen
In Nubyske stienbok (Capra nubiana).
In Nubyske stienbok (Capra nubiana).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
Gray, 1821

De geiteftigen of bokken (wittenskiplike namme: Caprinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora) en de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre, ôfhinklik fan 'e yndieling, 35 of 37 soarten bisten, mei as bekendste fertsjintwurdigers it skiep en de geit. Ek de gimzen en de muskusokse hearre dat dizze groep. Binnen de famylje fan 'e holhoarnigen binne de geiteftigen it naust besibbe oan 'e út ien soarte besteande ûnderfamylje fan 'e Tibetaanske antilopen (Pantholopinae), dy't troch guon saakkundigen as in skaai fan 'e geiteftigen sjoen wurdt.

Karakteristiken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de measte geiteftigen sosjale bisten binne mei in frij knobske lichemsbou, ferskille se op oare manearen sterk faninoar. Sa is de muskusokse (Ovibos moschatus) alhiel oanpast oan 'e ekstreme kjeld fan it Arktysk Gebiet, wylst de sniegeit (Oreamnos americanus) út Noard-Amearika him spesjalisearre hat yn in bestean yn it heechberchtme fan 'e Rocky Mountains en de oerial (Ovis orientalis vignei of Ovis vignei) yn 'e woastinen fan Iraan en Súd-Aazje libbet.

Op it mêd fan grutte rinne de geiteftigen útinoar fan in lingte fan justjes mear as 1 m mei in gewicht fan minder as 30 kg foar in folwoeksen Himalayagoaral (Nemorhaedus goral) oant in lingte fan hast 2½ m mei in gewicht fan mear as 350 kg foar in muskusokse. Yn finzenskip weage de swierste muskusokse mear as 650 kg.

Alle geiteftigen binne herbivoaren, dy't har iten troch weidzjen en it ôfgnabjen fan blêden en twigen ta har nimme. Dêrby kinne se ferdield wurde yn twa kategoryen: migrearjende weiders, dy't oanhâldend op 'en paad binne op 'e siik nei iten, en territoariumferdigeners, dy't in fêst wengebiet hawwe dat se ferdigenje tsjin oare leden fan harren soarte. De weiders binne oer it algemien grutter en sosjaler, en de territoariumferdigeners lytser en solitêrder, mar der bestiet gjin dúdlik skiedsline tusken dizze beide kategoryen dy't oerienkomt mei in taksonomyske ferdieling yn ferskillende skaaien. Boppedat binne der ek soarten dy't skaaimerken fan beide groepen fertoane, sadat der in kontinuum bestiet mei poere territoariumferdigeners, lykas de boskgimzen, oan 'e iene útein, en poere weiders, lykas skiep, geiten en muskusoksen, oan 'e oare útein.

In protte soarten geiteftigen binne útstoarn sûnt de lêste iistiid, mooglik (mei) troch oerbejaging troch de minske. Fan 'e oerlibbene 35 oant 37 soarten binne 5 klassifisearre as yn har fuortbestean bedrige, 8 as kwetsber en 7 as ferlet hawwend fan beskerming, mar net daliks yn gefaar ferkearend. De rest komt rûnom foar en is alhiel net yn gefaar. Twa soarten, it skiep (Ovis aries) en de geit (Capra aegagrus hircus), binne troch de minske domestisearre en wurde sadwaande wrâldwiid oantroffen. Twa oare soarten, de gims (Rupicapra rupicapra) en de Himalayataargeit (Hemitragus jemlahicus) binne troch de minske yntrodusearre yn Nij-Seelân en komme dêr no as eksoaten yn it wyld foar.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Spaanske stienbok (Capra pyrenaica).
In skiep (Ovis aries).
In groepke blauskiep (Pseudois nayaur).
De Himalayagoaral (Nemorhaedus goral).
  • ûnderfamylje geiteftigen (Caprinae)
    • incertae sedis (yndieling ûnwis) (fossile skaaien)
      • skaai Benicerus
      • skaai Boopsis
      • skaai Bootherium
      • skaai Capraoryx
      • skaai Caprotragoides
      • skaai Criotherium
      • skaai Damalavus
      • skaai Euceratherium
      • skaai Gallogoral
      • skaai Lyrocerus
      • skaai Makapania
      • skaai Megalovis
      • skaai Mesembriacerus
      • skaai Myotragus
      • skaai Neotragocerus
      • skaai Nesogoral
      • skaai Norbertia
      • skaai Numidocapra
      • skaai Oioceros
      • skaai Olonbulukia
      • skaai Pachygazella
      • skaai Pachytragus
      • skaai Palaeoreas
      • skaai Palaeoryx
      • skaai Paraprotoryx
      • skaai Parapseudotragus
      • skaai Parurmiatherium
      • skaai Praeovibos
      • skaai Procamptoceras
      • skaai Prosinotragus
      • skaai Protoryx
      • skaai Pseudotragus
      • skaai Samotragus
      • skaai Sinocapra
      • skaai Sinomegoceros
      • skaai Sinopalaeoceros
      • skaai Sinotragus
      • skaai Sivacapra
      • skaai Soergelia
      • skaai Sporadotragus
      • skaai Symbos
      • skaai Tethytragus
      • skaai Tossunnoria
      • skaai Tsaidamotherium
      • skaai Turcocerus
      • skaai Urmiatherium
    • tûke boskgeitantilopen (Naemorhedini)
    • tûke gimseftigen of gemseftigen (Rupicaprini) (de beide skaaien út dizze tûke wurde ek wol ûnderbrocht by tûke skiep en geiten)
      • skaai berchgeiten (Oreamnos): 1 libbene soarte
      • skaai gimzen of gemzen (Rupicapra): 2 soarten
    • tûke muskusokseftigen (Ovibovini)
      • skaai gnoegeiten of takins (Budorcas): 1 soarte
      • skaai muskusoksen (Ovibos): 1 soarte
    • tûke skiep en geiten (Caprini)
      • skaai Arabyske taargeiten Arabitragus: 1 soarte
      • skaai blauskiep (Pseudois): 2 soarten
      • skaai geiten (Capra): 8 soarten
      • skaai Himalayataargeiten (Hemitragus): 1 soarte
      • skaai moanneskiep (Ammotragus): 1 soarte
      • skaai Nilgirytaargeiten (Nilgiritragus): 1 soarte
      • skaai skiep (Ovis): 6-8 soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Geiteftigen
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?