For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Gasunygebou.

Gasunygebou

Gasunygebou

It Gasunygebou is in kantoargebou út 1994 yn it suden fan de stêd Grins.

Yn it gebou sit it haadkantoar fan de transportdifyzje fan de NV Nederlandse Gasunie. Nei it splitsen fan Gasuny yn in transport- en in hannelsdifyzje is de hannelsdifyzje ferhuze nei in kantoar oan de Van Ketwich Verschuurleane yn Grins. It gebou wie lykwols te grut foar de transportdifyzje allinnich, sadat in diel jierrenlang ferhierd waard oan KPMG. Tsjintwurdich wurdt it hiele gebou wer troch de Gasuny brûkt.

Reinbôgetreppen

It Gasunygebou is ûntwurpen troch it Arsjitektenburo Alberts en Van Huut út Amsterdam en is in goed foarbyld fan organyske arsjitektuer. By organyske bou binne de minsklike maat en it wolwêzen fan de minsk yn en om it gebou de foarnaamste útgongspunten. De arsjitekten fine dat in minsk eigentlik trije lagen beskermingen hat: hûd, klean en gebou. Fanút dat prinsipe is it gebou ûntwurpen. In gebou moat dus like noflik sitte as in hûd, en de brûker moat dêr de harmony mei syn direkte omjouwing fiele.

De organyske skaaimerken fan it bouwurk komme ta útdrukking yn foarmen en kleuren, sawol yn it ynterieur as yn it eksterieur, en sels op it parkearplak. Der binne yn it gebou net folle rjochte hoeken te finen, sa't ek in minsklik lichem gjin rjochte hoeken ken. Alle hoeken yn it gebou hawwe krekt in 'natuerlike skerpte'.

It gebou hat in oerflakte fan 45.000 kante meter. Yn de sintrale hal wurde de 18 ferdjippings ferbûn mei in treppenhûs. Op eltse ferdjipping draait de treppenkolom in oantal graden wêrtroch't de top fan de kolom hast 50 graden draaid is. Eltse ferdjipping hat ek in eigen tint krigen wêrtroch't de kolom op in reinbôge liket. De gongen mei weagjende muorren komme allegear út yn de sintrale hallen. Yn dizze hallen binne ek de kofjehoeken. It is de bedoeling dat kollega's net sûnder sjoen te wurden isolearre yn harren keammerkes sitte of troch de gongen bewege.

Skjinmakproblemen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gasunygebou (2008)

It organyske gebou hat skjinmaktechnysk sjoen ek neidielen. Omdat net folle ûnderdielen fan it gebou hielendal rjocht steane, kinne der gjin standert skjinmaktechniken tapast wurde. Sa wurdt de treppekolom ôfskerme mei in tsientallen meters hege skeane glêzen gevel. It is foar glêzewaskers ûnmooglik om mei in gondel lâns de muorre nei ûnderen de gevel skjin te hâlden. Dêrom waarden foar dy put speleölogen ynskeakele. Dizze skjinmaktechnyk hat de arbotsjinst ferbean. No wurdt it glês net mear skjinmakke.

Yn ferbân mei it skjinhâlden fan de muorren hat arsjitekt Ton Alberts yn tsjinstelling ta by in earder troch him ûntwurpen gebou yn Amsterdam besletten om skeane muorren glêd te meitsjen, sadat reinwetter ûnbehindere nei ûnderen rinne kinne. By it eardere ûntwerp hat de arsjitekt foar de skeane muorren nammentlik saneamde 'mûzetrepkes' brûkt om in tapsrinnende foarm fan de gevel te realisearjen. Dizze mûzetrepkes fange reinwetter op en hâlde it fêst wêrtroch't de muorren altiten fochtich bliuwe. Dat taastet de duorsumheid fan de gevel oan.

Nettsjinsteande dat it Gasunygebou in iepen karakter hat, hat it gebou ek in minder tagonklik gedielte de kontrôlekeamer fan de gasdistribúsje. De kontrolekeamer sit earne ûnder it gebou. It is in tsjin atoomoanfallen beskerme bunker. Omdat de keamer ûndergrûns is en gjin ramen hat, moast men fan de Arbotsjinst 'fideoramen' pleatse sadat de wurknimmers it idee krije dat se nei bûten sjogge.

Bynamme fan it gebou is de Aperots. Ek wurdt it wol "It kastiel fan de heks" neamd. It Gasunygebou is tsjintwurdich ien fan de symboalen fan modern Grins. Yn juny 2007 waard it gebou yn in ferkiezing yn deiblêd Trouw mei 1773 stimmen keazen ta it moaiste fan Nederlân. It stedhûs yn Middelburch moast it mei 26 stimmen minder dwaan.

  • 2007, Moaiste gebou fan Nederlân[1]
  • 1994, Skilderspriis
  • List fan gebouwen yn Grins

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. - Trouw 2007


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Gasunygebou
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?