For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Buerstermûne (mûne).

Buerstermûne (mûne)

Buerstermûne
mûne / mole
De Buerstermûne yn 2022
De Buerstermûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Froubuorren
adres Buerstermûne 8
koördinaten 53° 16' N 5° 43' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 20,54 meter
boujier ± 1850
oare ynformaasje
eigner Stifting Buerstermûne
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9526
Webside
Side Buerstermûne
Kaart
Buerstermûne (Fryslân)
Buerstermûne

De Buerstermûne (offisjeel: Vrouwbuurstermolen) is in nôtmole en ryksmonumint yn de buorskip Buerstermûne, east fan it doarp Froubuorren yn de gemeente Ljouwert.

De Buerstermûne waard yn de rin fan de 19e iuw boud, nei alle gedachten út ûnderdielen fan in earne oars sloopte mûne, op in steed dêr't yn 1566 al in standermûne stie. Oer it krekte jier dat de Buerstermûne boud waard bestiet ûnwissens. Neffens de Moledatabank barde dat om 1850, mar De Hollandsche Molen is dúdliker en sprekt fan 1862.

De achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, stie oant 1954 yn it wurk. Acht jier letter waard de Stichting Vrouwbuurstermolen oprjochte, dy't restauraasje as doel hie. Yn 1966 waard de kape fan de Buerstermûne ferfongen. Ek yn 1995 en 2007 waard de mûne restaurearre. Hy wurdt brûkt as lesmûne foar frijwillige mûnders.

De mûne spile in rol yn de Alfde Alvestêdetocht op 14 febrewaris 1956, doe't de fiif koprinners yn dy tocht by de mûne de ôfspraak makken om yn Ljouwert tagelyk oer de einstreek te gean. Dat waard bekend as it Pakt fan Buerstermûne. De fiif holden wurd; wêrnei it bestjoer fan de Feriening De Fryske Alve Stêden besleat om dat jier gjin prizen ta te kennen.

Mei de fernijing fan it takrêd yn 2020 is nei in lange en drege restauraasje de mûne sûnt 2020 wer ree om te meallen.[1]

De Buerstermûne is in stellingmûne fan in houten achtkant op in fjouwerkante houten ûnderbou. De stelling sit op in hichte fan 4,9 meter.

De mûne hat in flecht fan 20,54 meter en de wjukken binne Aldhollânsk ophekt. De bûtenroede is yn 1992 troch Derckx makke en hat it nûmer 723. De binnenroede is yn 1995 makke troch Molema en hat nûmer 5.

De Buerstermûne wurdt remd mei in Flaamske fang, dy't betsjinne wurdt mei in wipstôk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Buerstermûne (mûne)
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?