For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Foppe fan Aitzema.

Foppe fan Aitzema

Foppe van Aitzema (Mullum?, ± 1580 - Wenen? of Praach?, 28 oktober 1637) wie in Frysk diplomaat, histoarikus en rjochtsgelearde. Yn de Tritichjierrige Oarloch besocht er yn 'e mande mei de Eastenrykske keizer Ferdinand II fan it Hillige Roomske Ryk in oplossing te finen. Foppe wie in earsuchtich man fan goede namme. Hy wurke yn Breunswyk, Lübeck en Wenen en tsjinne ûnder oaren de Steaten Generaal en Freark Hindrik. Hy wie de omke fan Lieuwe fan Aitzema.

Foppe fan Aitzema wie de soan fan Skelte fan Aitzema. Hy studearre oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer. Hy brocht in besite oan Josephus Justus Scaliger yn Leien. Yn 1607 krige er in oanstelling yn Breunswyk by de hartoch Heinrich Julius von Braunschweig-Wolfenbüttel. Hy troude in famke út Halberstadt en waard kânselier fan de protestantske biskop yn it flakby lizzende Helmstedt, de stêd dêr't ek de earste Dútske protestantske universiteit stie. Nei de dea fan de hartoch, dy't syn beneaming blykber trochdrukt hie, sloech de famylje Fan Aitzema op 'e flecht; Fan Aitzema waard pakt en finzen setten. Nei't syn boel yn beslach nomd wie en Fan Aitzema tasein hie nea wer in foet yn it hartochdom te setten, waard er frijlitten. Nettsjinsteande dat er ferskate kearen besocht hie, û.o. fan de karfoarst fan Brandenburg, steedhâlder Maurits, de Steaten-Generaal en de Steaten fan Fryslân krige er syn weardefol besit nea werom.

Yn 1617 waard er gesant by de Hânzestêden en bleau tsien jier yn Lübeck of omkriten. Fan Aitzema en Reinier Pauw ûnderhandelen mei Kristiaan IV fan Denemark, dy't út Glückstadt wei de skipfeart op de Elbe kontrolearre en tol hefte.

Yn 1635 sette er yn tsjinst fan de Steaten-Generaal en steedhâlder Freark Hindrik nei Wenen, mar waard beskuldige fan al te freonlike omgong mei de roomske tsjinstanners. Wyls wie er dêr yn de adelstân ferheft, mar waard weromroppen nei de Republyk om him te ferantwurdzjen. Fan Aitzema kaam werom nei Hamburch, nei't er buorkundich makke wie dat der in oanslach op him belein wie. Oer Dantzig flechte er nei Praach en Wenen, en sluet him foar syn dea oan by de roomske tsjerke.

  • Poemata Juvenilia, Paris 1605; Neuauflage Helmstädt 1607
  • Dissertationum ex Juris Civilis Libri II, Helmstedt 1607.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Foppe fan Aitzema
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?