For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Fizier (funksje).

Fizier (funksje)

In fizier, fan it Arabyske وزير, wazīr (útspr.: "ûaziir"), dat letterlik "lêstdrager" of "helper" betsjut, is in amtner fan hege rang: in minister of de riedshear fan in islamitysk foarst (lykas in kalyf, sultan, malyk (kening) of emir). It is in term dy't fia de Turkske foarm vezir yn 'e Westerske talen bedarre is, en dy't men ek wol weromsjocht as vazir, vizir, vizier, vasir, wazir of vesir. Foar de earste minister wie foarhinne yn beskate riken de titel grutfizier yn gebrûk.

Der wurdt wol sein dat it wurd 'fizier' al sûnt de Aldheid brûkt wurdt, wêrby't dan yn 'e regel ferwiisd wurdt nei it âlde Egypte, dêr't de ministers fan 'e farao's ek al de titel fan fizier droegen hawwe soene. Dat berêst lykwols op in misferstân: om't oer de lânseigen amtlike titulatuer fan it âlde Egypte (en oare beskavings út 'e Aldheid fan it Midden-Easten) mar sa'n bytsje bekend is, passe argeologen gauris mei weromwurkjende krêft ferlykbere moderne titels ta út it Arabysk (dat yn Egypte de fiertaal is) op amtners út 'e Aldheid. Dat wol lykwols net sizze dat dy titels doe ek al bestiene.

It Arabyske wazīr hat twa mooglike etymologyen. Ornaris wurdt derfan útgien dat it wurd ôflaat is fan it Arabyske tiidwurd wazara ("in lêst drage"), fan 'e Semityske woartel W-Z-R. Wazīr wurdt al neamd yn 'e Koraan, dêr't de Israelityske hegepreester Aäron omskreaun wurdt as de fizier fan 'e profeet Moazes. Oan 'e oare kant kin it bestean fan it Midperzyske wurd vizīr of vicīr ("offisjeel dokumint" of "beslút"), besibbe oan it Avestaanske wurd vīcira ("rjochter" of "skiedsrjochter"), wize op in Yndo-Jeropeesk komôf fan 'fizier'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Fizier (funksje)
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?