For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan.

Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan

Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan
Federation of Saskatchewan Indian Nations
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FSIN
nasjonaliteit Kanadeesk
type org. koepelorganisaasje
wurkmêd yntertribale gearwurking
haadkertier Saskatoon (Saskatchewan)
oprjochte 1982
fuortk. út Federaasje fan Yndianen yn Saskatchewan
tal leden 74 stammen (2022)
offisjele webside
www.fsin.com

De Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan (Ingelsk: Federation of Saskatchewan Indian Nations, FSIN) is in regionaal yntertribaal gearwurkingsferbân fan Yndiaanske stamme-organisaasjes yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, mei syn haadkertier yn Saskatoon. De FSIN hat op 't heden (2022) 74 leden, ûnderferdield yn tsien stammerieën en in stikmannich "earste naasjes" (in Kanadeeske term foar "stammen") dy't op selsstannige basis lid binne.

De FSIN ûntstie yn 1982 troch in reorganisaasje fan 'e eardere Federaasje fan Yndianen fan Saskatchewan (Federation of Saskatchewan Indians, FSI), dy't sels yn 1959 oprjochte wie as fuortsetting fan 'e Uny fan Yndianen fan Saskatchewan (Union of Saskatchewan Indians, USI). Dy lêste organisaasje wie yn 1946 wer ûntstien út in fúzje fan 'e Beskermingsferiening foar de Yndianen en harren Ferdraggen (Protective Association for the Indians and their Treaties, PAIT) en de Assosjaasje fan Yndianen fan Saskatchewan (Association of Saskatchewan Indians, ASI).

It doel fan 'e FSIN is om troch gearwurking sterker te stean foar oare partijen oer, lykas it provinsjaal regear fan Saskatchewan of it federale Kanadeeske regear. Dêrby leit de organisaasje him fral ta op 'e beskerming fan 'e ferdraggen tusken de stammen en de Kanadeeske oerheid en de dêryn fêstleine rjochten fan 'e Yndianen; it befoarderjen fan foarútgong op ekonomysk, ûnderwiiskundich en maatskiplik mêd; gearwurking mei boargerlike en religieuze autoriteiten; opbouwende krityk op 'e lidorganisaasjes en ûnderlinge diskusje; it fêsthâlden oan demokratyske prinsipes; en it oanmoedigjen fan respekt en tolerânsje foar eltsenien.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?