Fallaatswyk
De Fallaatswyk is in wyk yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint út De Houtigehage wei yn it ferlingde fan de Skoalledyk nei it súdwesten, rjochting Drachten. In fallaat is in oar wurd foar slûs.
De namme Fallaatswyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Verlaatswijk.
Text is available under the CC BY-SA 4.0 license; additional terms may apply.
Images, videos and audio are available under their respective licenses.