For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Drugskartel.

Drugskartel

In drugskartel is in kriminele organisaasje dy't de bedoeling hat om drugs fan it iene lân nei it oare te smokkeljen om se yn it lân fan bestimming te ferkeapjen oan brûkers of oan oare drugsdealers. Sokke organisaasjes rinne útinoar fan loskes ûnderholden priisôfspraken tusken yndividuële drugshannelers oant formalisearre kommersjele ûndernimmings. As sadanich binne drugskartels in foarm fan organisearre misdie. De term komt út 'e tiid dat de grutste organisaasjes yn dizze sektor fan 'e kriminele ûnderwrâld in oerienkomst sleaten oer de ûnderlinge koördinaasje fan 'e produksje en distribúsje fan kokaïne. Sûnt dy oerienkomst net mear funksjonearret, binne drugskartels yn ekonomyske sin eins gjin echte kartels mear, mar de term wie tsjin dy tiid ynboargere rekke en wurdt no rûnom brûkt foar eltse drugsrelatearre kriminele organisaasje.

De machtichste drugskartels op it mêd fan kokaïne wiene foarhinne it Medellínkartel en it Calikartel út Kolombia, oant dy har macht yn 'e 1990-er jierren yn it neigean rekke. Tsjintwurdich is de hannel yn kokaïne sterk fersnipele. De Kolombiaanske drugskartels binne noch altyd machtich, mar ek de Meksikaanske drugskartels hawwe in ûnbidige soad ynfloed. De hannel yn heroïne wurdt foar in grut part behearske troch de Afgaanske drugskartels yn 'e saneamde Goudene Healmoanne en de Birmeeske drugskartels yn 'e saneamde Gouden Trijehoek.

De struktuer fan in drugskartel yn Latynsk-Amearika, dat benammen hannelet yn kokaïne, is sa:

  • 'Falken' (Spaansk: halcones) binne de earen en eagen fan it drugskartel op 'e strjitte. Sokke lju foarmje de leechste rang binne de ynterne hierargy fan 'e organisaasje. Se binne ferantwurdlik foar it yn 'e rekken hâlden fan 'e aktiviteiten fan rivalisearjende kartels, mar ek fan 'e plysje en it leger.
  • Hiermoardners (Spaansk: sicarios) foarmje de wapene fleugel fan it drugskartels. Sokken binne ferantwurdlik foar it útfieren fan moarden, ûntfierings, berôvings en ôfparsings, en ek foar it ferdigenjen fan it territoarium fan it kartel tsjin ynkringing troch rivalisearjende kartels en tsjin operaasjes fan 'e plysje en it leger.
  • Luitenanten (Spaansk: tenientes) foarmje de op ien nei heechste posysje binnen in drugskartel. Sy binne ferantwurdlik foar it hâlden fan tafersjoch op 'e falken en de hiermoardners dy't ûnder harren pleatst binne. Se hawwe it frij om op eigen manneboet it befel ta moarden en oare misdriuwen te jaan as dat de saken fan it kartel net yn 'e swierrichheden bringt.
  • Drugsbazen (Spaansk: capos) beklaaie de heechste rang binnen in drugskartel. Sy hâlde tafersjoch op 'e hiele organisaasje, stelle luitenanten oan, slute ferbûnen mei oare kartels of mei korrupte plysjes of oare leden fan 'e oerheid en jouwe opdracht ta it útfieren fan moarden, ûntfierings, berôvings en oare misdriuwen.

In oare groep, dy't mar marzjinaal belutsen is by it drugskartel, mar dochs fan krúsjaal belang is, wurdt foarme troch de drugsprodusinten. Yn it gefal fan 'e Latynsk-Amerikaanske drugskartels giet it dêrby om (faak earme) boeren dy't de kokaplant ferbouwe en de blêden oan it kartel ferkeapje. Oare groepen dy't mei ien foet bûten it kartel steane, binne finansiers en wytwaskers, en ek de leveransiers fan 'e wapens dy't de leden fan it kartel brûke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Drugskartel
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?