For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for De Havilland D.H.89 Dragon Rapide.

De Havilland D.H.89 Dragon Rapide

De Havilland D.H.89 Dragon Rapide


Rol Passazjiersfleantúch
Makker de Havilland
Earste flecht 17 april 1934
Yn tsjinst july 1934
Tal makke 731 (1934-1946)
Brûkers Royal Air Force en tsientallen oare, û.o KLM
Farianten de Havilland Dominie

De de Havilland D.H.89 Dragon Rapide is in dûbeldeks passazjiersfleanmasine, mei twa motors, foar de koarte ôfstân, fan it Britske fleantúchfabryk De Havilland Aircraft Company út de jierren tritich fan de 20e iuw.

De Dragon Rapide waard ûntwikkele út de D.H.84 Dragon, waans 130 hk motors net sterk genôch wiene om op ien motor te fleanen. De D.H.89 krige nije seissylindermotors, de Gipsy Six fan 200 hk. Teffens koene der mear passazjiers yn de kabine en waard it draachflak fan de fleugels fergrutte.[1] De oantsjutting fan it model wie yn 't earstoan D.H.89 Dragon Six; ein 1934 neamde de doetiidske direkteur fan De Havilland Francis St Barbe it tastel lykwols om ta Dragon Rapide, om de gruttere prestaasjes fan it tastel yn de namme sjen te litten. Später erfolgte eine Verkürzung auf Rapide.

Yn july 1934 waarden de fleantugen oplevere. Feroaringen oan de lâningskleppen yn 1937 late ta de ferzje D.H.89A, dêr't guon fan útrisd waarden mei Gipsy-Queen-motors. In foar de eksport ornearre militêrtransportsttel wie de D.H.89M.

Yn 1936 fleach in D.H.89 de spaanske Generaal Franco fan de Kanaryske Eilannen nei Spaansk-Marokko. Dat wie it begjin fan de neifolgjende Spaanske Boargerkriich.

Sa'n 200 eksimplaren waarden oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich makke foar de boargerloftfeart. Yn dy oarloch waarden fierdersgoed 500 tastellen mei Gipsy-Queen-motors ôflevere, dy't foar in part ek yn oare fabriken makke waarden. De D.H.89B Mk.1 waard brûk foar de oplieding fan navigators; de Mk.2 wie in ferkenningsfleantúch, wie licht bewapene, en tsjinne as ferbiningsfleantúch. Dy tastellen waarden by de Royal Air Force as de Havilland Dominie oantsjut.

Oant july 1946 wiene der 731 tastellen boud. In stikmannich tastellen binne no noch fleanree. It Imperial War Museum Duxford hat twa D.H.89 foar rûnflechten boppe it fleanfjild. Twa oare tastellen fleane noch yn Nij-Seelân en it Fleanend Museum yn Großenhain hat ek noch in fleanree tastel.

De Havilland 89
de Havilland D.H.89A:
Gegevens
Langte    10,5 m
Fleugelspanwiidte    14,6 m
Fleugeloerflak    31,6 m²
Hichte    3,1 m
Oandriuwing    2 × 6-sylinder-linemotor de Havilland Gipsy Six fan je 200 hk (150 kW) it stik
Heechste faasje    253 km/o op 300 m
Klimfaasje    4,3 m/s
Fleanberik    837 km
Bemanning    2, 8 passazjiers
Tsjinstplafond    5090 m
Gewicht leech    1460 kg
Maks. fleangewicht;   2490 kg

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Colin Doffs: Database – D.H.89 Dragon Rapide. Yn: Aeroplane Monthly. April 2004, s. 39.
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
De Havilland D.H.89 Dragon Rapide
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?