For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for County (Feriene Steaten).

County (Feriene Steaten)

De ferdieling fan 'e Feriene Steaten yn steaten en countys.

In county is yn 'e Feriene Steaten in steatkundige en geografyske ûnderferdieling fan in steat, dy't ornaris in beskate mjitte fan oerheidsfoech tawiisd krigen hat. As Frysktalige oersetting wurdt soms it wurd "distrikt" brûkt. Countys binne ferlykber mei de Kreisen of Landkreisen yn Dútslân of mei departeminten yn Frankryk. As men yn 'e Nederlânske kontekst de Amerikaanske steaten lykslacht mei provinsjes, bestiet de bestjoerslaach fan 'e countys yn Nederlân net, mei't Amerikaanske countys krekt as provinsjes wer ûnderferdield wurde yn gemeenten.

De term county is yn gebrûk yn 48 fan 'e 50 Amerikaanske steaten; deselde bestjoersdistrikten wurde yn Alaska boroughs neamd en yn Louisiana parishes (inkeltal: parish; letterlik: "parochys"). Teffens besteane der yn 'e Feriene Steaten in protte saneamde city-countys, wêrby't in (grutstedske) gemeente bestjoerlik gearraand is mei de county dêr't dy gemeente oarspronklik ûnderdiel fan útmakke. Sokke bestjoerlike ienheden oefenje dan it foech fan sawol in gemeente as in county út. It proses fan ferraning tusken in grutte gemeente en in county wurdt yn it Amerikaanske bestjoerlike jargon "konsolidaasje" neamd (dêrfandinne dat men faak sprekt oer "konsolidearre city-countys").

De Amerikaanske federale oerheid brûkt fierders de term "county-ekwifalint" om bestjoerlike of statistyske ienheden oan te tsjutten dy't gjin countys binne, mar wol ferlykber binne mei countys. Dêrta wurde rekkene de boroughs fan Alaska, de parishes fan Lousiana, it Distrikt Kolumbia en ûnôfhinklike stêden (dy't dus bûten lykfol hokker county falle) yn 'e steaten Firginia, Maryland, Missoury en Nevada. Fierders is de Unorganisearre Borough fan Alaska ferdield yn alve folkstellingsgebieten dy't statistysk ekwifalint binne oan countys.

Yn 2013 bestiene der yn 'e Feriene Steaten 3.007 countys, 64 Louisiaanske parishes, 30 Alaskaanske boroughs en it Distrikt Kolumbia (Washington, D.C.) dat yn beskate opsichten ek in soarte fan county is. De steat mei it grutste tal countys is Teksas, dat der 254 hat, wylst Delaware, mei 3 countys, it lytste tal hat. Countys hawwe oeral yn 'e Feriene Steaten noch in wichtige mjitte fan oerheidsfoech, behalven yn Rhode Island en Konnetikut, dêr't de 5, resp. 8 countys as oerheidsynstânsjes opheft binne (mar as statistyske gebieten fuortbesteane). Itselde jildt foar 8 fan 'e 14 countys yn Massachusetts.

De grutste county kwa oerflak is San Bernardino County, yn Kalifornje, mei 52.070 km², en de lytste is Kalawao County, op Hawaï, mei 31 km². Oangeande befolkingsgrutte is Los Angeles County, yn Kalifornje, it grutste, mei in befolking fan 10.117.000 minsken yn 2014, wylst Loving County, yn Teksas, it lytst is, mei 82 ynwenners yn 2010.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
County (Feriene Steaten)
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?