For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Adema's Tsjerke-oargelbou.

Adema's Tsjerke-oargelbou

Adema-oargel út 1933 yn de Sint-Jozeftsjerke te Hillegom
Atelier fan Adema yn Hillegom, 2008

Adema's Tsjerke-oargelbou is in bedriuw dat tsjerke-oargels bout en dat yn 1855 yn Ljouwert ûntstien is.

De oargelmakkerij waard mei úteinset troch de bruorren Carolus Borromeus Adema (1824-1905) en Petrus Josephus Adema (1828-1919). In tredde broer, Johannes Romanus Adema (1834-1862), wurke ek mei. In fjirde, Epko Adema, boude de kasten en ek de fyfde broer, de boukundige Adrianus Adema (1825-1870), holp wol mei. Beide bruorren krigen har oplieding by firma's lykas Van Dam yn Ljouwert, Willem Hardorff yn Ljouwert, Bätz & Witte yn Utert en Loret.

Yn dy tiid waarden de folgjende oargels boud:

Ljouwert en Amsterdam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't sa benammen yn Fryslân oargels boud wienen, gongen de Adema's no ek yn Amsterdam oan 't wurk, fanwegen in grutte opdracht foar de Mozes en Aärontsjerke. De folgjende oargels waarden boud:

Yn 1877 waard it bedriuw spjalte. It bedriuw yn Ljouwert bleau bestean ûnder lieding fan Carolus Borromeus en letter dy syn soannen Lambertus Theodorus Adema (1864- 1931) en Sybrandus Johannes Adema (1863-1941). Sy namen it bedriuw yn 1905 oer. Yn 1941 waard it opheft. De neifolgjende oargels waarden dêr makke:

Yn Amsterdam gie Petrus Josephus fierder, letter yn 'e mande mei en opfolge troch syn soannen. Oant 1984 wie dat bedriuw oan de Lauriergreft fêstige. Harren oargels:

  • 1876 - Amsterdam, it Hûs Jacob
  • 1877 - Voorhout, Seminary Hageveld
  • 1878 - Ommen, R.K. tsjerke
  • 1880 - Wagenberg, Sint-Gummarustsjerke
  • 1885 - Kaatsheuvel, Hefroarme tsjerke
  • 1885 - Warkum, Sint-Werenfridustsjerke
  • 1888 - Frjentsjer, Sint-Franciscustsjerke
  • 1890 - Amsterdam, Hillige Willibrord bûten de Veste.
  • 1891 - Haarlim, Us-Leaf-Frou fan de Roazekrânstsjerke (Spaarnetsjerke)
  • 1893 - Nes oan de Amstel, Sint-Urbanustsjerke
  • 1898 - Harns, Sint-Michaelstsjerke
  • 1898 - Zwaagdijk-East, Sint-Joseftsjerke
  • 1899 - Pijnacker, Hillige Joannes de Dopertsjerke
  • 1898 - Uitgeest - Us-Leaf-Frou Bertetsjerke
  • 1900 - Kwintsheul, Sint-Andreastsjerke
  • 1901 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke
  • 1901 - IJmuiden, Sint-Georgiustsjerke
  • 1902 - Gouda, Us-Leaf-Froutsjerke
  • 1903 - Amsterdam, Sint-Dominikustsjerke
  • 1904 - Amsterdam, De Krijtberg
  • 1904 - Weesp, Protestantenbûn
  • 1904 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou Gasthûs
  • 1905 - Amsterdam, Vondeltsjerke
  • 1906 - Haarlim, Sint-Joseftsjerke
  • 1906 - Amsterdam, Hubertuskapel
  • 1907 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, transeptoargel
  • 1912 - Swol, Dominikanentsjerke
  • 1913 - Haarlim, Sint-Antoniuskerk aan de Groenmarkt
  • 1914 - Lisse, Sint-Agatatsjerke

Ek Sybrand Adema en Joseph Adema wurken dêr (1877-1943)

Fan Sybrand binne de oargels:

Fan Joseph binne de oargels:

  • 1923 - Amsterdam, De Duif
  • 1924 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, ôfbou transeptoargel
  • 1925 - Amsterdam, Sint-Vincentius a Paolotsjerke
  • 1927 - Swol, Sint-Michaeltsjerke
  • 1933 - Hillegom, Sint-Joseftsjerke
  • 1934 - Hilfertsom, Hillich-Herttsjerke
  • 1935 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke
  • 1936 - Amsterdam, Sint-Pankratiustsjerke

Nei't Joseph Adema stoarn wie waard de lieding fan it bedriuw fuortset troch syn neef, Hubert Schreurs, en waarden de folgjende oargels boud:

  • 1944 - Grins, Sint-Josefkatedraal, koaroargel
  • 1951 - Westervoort, Sint-Werenfridustsjerke
  • 1957 - Amsterdam, Martelders fan Gorcumtsjerke
  • 1957 - Bloemendaal, Kleaster Bethanie
  • 1960 - Den Haach, Tomaskleaster
  • 1960 - Stienwikerwâld, stúdzjesintrum Geldringen
  • 1961 - Zevenaar, Sikenynrjochting foar de Liemers
  • 1961 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Lourdestsjerke
  • 1963 - Amsterdam, Hillige Pius X tsjerke
  • 1964 - Amsterdam, Pedagogyske Akademy Magister Vocat
  • 1964 - Haarlim, Sint-Jan de Dopertsjerke
  • 1965 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Sân Smertentsjerke
  • 1965 - Rotterdam, Tsjerke fan de Hillige Krúsfining
  • 1970 - Amsterdam, Ferpleechhûs Vreugdehof
  • 1970 - Heeswijk, Abdij fan Berne
  • 1974 - Oudkarspel, Allemanstsjerke

Hubert Schreurs stoar yn 1981 en syn soan Antoine Schreurs gie mei it bedriuw fierder. Njonken in protte restauraasjes waard in nij oargel boud:

Fan 2002 ôf waard it bedriuw fuortset troch in meiwurker, Ronald van Baekel. Yn 2003 ferhuze it bedriuw nei Hillegom en fuortset ûnder de namme: Adema's Kerkorgelbouw, mar de famyljebân mei de Adema's wie doe ferbrutsen. Neist restauraasjes waard nij boud:

  • 2002 - Laren, Sint-Jansbasilyk

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Adema's Tsjerke-oargelbou
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?