For faster navigation, this Iframe is preloading the Wikiwand page for Ålesund.

Ålesund

Ålesund
Ålesund
Ålesund
Wapen
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Møre og Romsdal
Gemeente Ålesund
Sifers
Oerflak 632,51 km2
dêrfan lân 607.41 km2
dêrfan wetter 25.10 km2
Ynwennertal 67.114 (2022)
Befolkingstichtens 106 inw./km
Oar
Stifting 1838
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
www.alesund.kommune.no
Kaart
Ålesund (Noarwegen)
Ålesund

Ålesund is in stêd en gemeente yn de Noarske provinsje Møre og Romsdal. Yn 2022 hie Ålesund 67.114 ynwenners. Ålesund leit op 230 km noardeast fan Bergen. De stêd is boud op trije eilannen; Hessa, Aspøy en Nørvøyy dy't de belangrike fiskershaven omslúte.

It ûntstean fan Ålesund as stedsk gebiet situearret him op de ein fan de 17e iuw as ferskate lytse keaplju út Bergen har fêstigjen komme oan beide kanten fan de Ålesundet, de seestrjitte dy't har namme oan de stêd jûn hat. Se ruilje fisk foar nôt. It plak wie strategysk goed keazen: ticht by de fiskgrûnen, op in krúspunt tusken de fjorden en de eilannen. Boppedat wie de haven goed besketten tsjin de wyn. Yn 1793 krige de stêd in tal hannelsprivileezjes oan wat har posysje noch ferstevige. Dochs telde Ålesund doetiids net mear as 200 ynwenners. Hjiryn sil der yn de kommende desennia mar stadichoan feroaring komme as ambachtslju, fiskers en seelju har hjir fêstigje.

Yn 1848 krijt de stêd stedsrjochten. De ynfloed dêrfan op de ûntwikkeling fan Ålesund hat dúdlik west. Yn 50 jier tiid groeit de befolking oan fan 1200 oant 11.000 minsken. De oanwêzigens nei 1860 fan kabbeljau ferklearret mei dy befolkingseksploazje. De stêd ûntwikkele him ta ien fan de grutste fiskershavens fan Noarwegen en ta wichtichste eksporthaven fan stokfisk.

Yn de nacht fan 22 op 23 jannewaris 1904 ferneatige in brân fierhinne de folsleine stêd. De measte huzen wiene, lykas gebrûklik yn Noarwegen, makke fan hout. In omfallen peteroaljelampe soe de brân feroarsake hawwe. mei troch súdwesterstoarm bleau de stêd 16 oeren baarnen. Opmerklik genôch kaam der hjirby mar ien persoan om it libben. Fan oeral kaam help om de stêd te werbouwen, dizze werbou barde yn de styl dy 't doe furoare makke: de jugendstil.

Op it grûngebiet fan it hjoeddeiske Ålesund sit in noch folle âldere stedske delsetting, nammentlik it merkplak Borgund 5 km eastlik fan it stedssintrum. Dizze stêd moat yn de midsiuwen in drok hannelsplak west hawwe lykas út archeologyske fynsten bliken docht. Nei 1400 ferlear Borgund stadichoan oan belang om op it lêst folslein te ferdwinen. De politike tastân, de neifleagen fan 'e Swarte Dea en de Hânze, wêrtroch't alle hannel him op Bergen en Trondheim taspitste, wurde dêrfoar as oarsaak jûn. Yn 1968 waarden Ålesund en Borgund offisjeel gearfoege.

It fleanjild fan Ålesund, Luchthaven Ålesund, Vigra, leit sa'n 20 km benoarden fan Ålesund op it eilân Vigra, en hat bennammen ynlânske en in tal Jeropeeske ferbiningen. De stêd wurdt oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
{{bottomLinkPreText}} {{bottomLinkText}}
Ålesund
Listen to this article

This browser is not supported by Wikiwand :(
Wikiwand requires a browser with modern capabilities in order to provide you with the best reading experience.
Please download and use one of the following browsers:

This article was just edited, click to reload
This article has been deleted on Wikipedia (Why?)

Back to homepage

Please click Add in the dialog above
Please click Allow in the top-left corner,
then click Install Now in the dialog
Please click Open in the download dialog,
then click Install
Please click the "Downloads" icon in the Safari toolbar, open the first download in the list,
then click Install
{{::$root.activation.text}}

Install Wikiwand

Install on Chrome Install on Firefox
Don't forget to rate us

Tell your friends about Wikiwand!

Gmail Facebook Twitter Link

Enjoying Wikiwand?

Tell your friends and spread the love:
Share on Gmail Share on Facebook Share on Twitter Share on Buffer

Our magic isn't perfect

You can help our automatic cover photo selection by reporting an unsuitable photo.

This photo is visually disturbing This photo is not a good choice

Thank you for helping!


Your input will affect cover photo selection, along with input from other users.

X

Get ready for Wikiwand 2.0 🎉! the new version arrives on September 1st! Don't want to wait?